Bûtenpost ferliest mei 3-1 fan HZVV

VV Bûtenpost hat sneontemiddei mei 3-1 ferlern fan HZVV. De start wie min foar de ploech fan trainer Jasper Bouma. Binnen it healoere stie Bûtenpost al mei 2-0 efter.
Fuotbal © Shutterstock.com
Fuortendaliks nei it skoft makke de ploech út Hoogeveen der sels noch 3-0 fan. Rik Weening fan Bûtenpost koe de eare rêde yn de 49ste minút mei de 3-1, mar it meitsjen fan de oanslutingstreffer slagge net mear.
Nei fjouwer wedstriden stiet Bûtenpost op it tolfde plak yn de haadklasse mei trije punten.