Wedstriid ONS Snits stillein nei blessuere fan skiedsrjochter

26 sep 2020 - 17:29

De útwedstriid fan ONS Snits (haadklasse B) tsjin SDC Putten is sneontemiddei nei 25 minuten spyljen stillein. De skiedsrjochter rekke blessearre. Neffens protokol moat dizze binnen in bepaalde tiid ferfongen wêze, oars mei de wedstriid net fuortset wurde. En dat slagge net op tiid. De spilers sille ynkoarten dus werom komme moatte nei Gelderlân. De tuskenstân op it momint fan stillizzen wie 1-0 foar SDC Putten.

Foto: Omrop Fryslân

Trainer Jan Vlap fan ONS Snits oer de útwedstriid: "Dit zijn van die situaties die je liever niet meemaakt, en als het gebeurt dan liever bij een thuiswedstrijd. Het is natuurlijk heel ongelukkig dat een scheidsrechter geblesseerd raakt."

Yn de alfde minút skoarde Rick Degenaar fan SDC Putten út in frije traap it iennichste doelpunt fan de wedstriid. "Putten was in het begin van de wedstrijd redelijk dominant, maar dat hadden we al redelijk snel opgevangen en dan is het jammer dat het wordt stopgezet", seit Vlap.

It is noch net bekend wannear't de wedstriid ynhelle wurdt.

Trainer Jan Vlap fan ONS Snits

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal SDC Putten
(Advertinsje)
(Advertinsje)