Mountainbikester Anne Tauber ferliest Nederlânsk kampioenstitel

26 sep 2020 - 17:16

Mountainbikester Anne Tauber, fan oarsprong fan Oranjewâld, is sneon by it Nederlânsk Kampioenskip har kampioenstitel kwytrekke oan de Siuwske Anne Terpstra.

Foto: www.orangepictures.nl

Tauber wie yn striid om it sulver mei konkurrinte Sophie von Berswordt, doe't se lek ried. Yn har ynhelrace dêrnei bruts Von Berswordt har ketting en doe koe Tauber ûnbedrige nei it sulver ride. Lotte Koopmans helle brûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)