In wike lang fiskje nei rotsoai: "Dit kin sa echt net mear"

26 sep 2020 - 16:55

It wetter yn Fryslân is wol ta oan in himmelaksje en dus fynt fan 26 septimber oant 3 oktober de aksje 'Skjin Wetter' plak. Hast tûzen frijwilligers sille yn seis Fryske gemeenten ôffal opromje. In wike lang wurdt der socht nei ôffal en smoargens yn it wetter. Doel is om bewustwêzen by minsken te kreëarjen.

skjin wetter

"Kijk, daar liggen drie blikjes bij elkaar. Die moeten echt het water uit", seit Sannah Feenstra út Harns. Sy is mei fjouwer freonen fan it Zeekadetkorps yn Harns op 'en paad.

"Gooi het gewoon in de prullenbak'

Harns is ien fan de seis gemeenten dy't oan it projekt meiwurket. De oaren binne De Fryske Marren, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân, Smellingerlân en Waadhoeke. De frijwilligers binne mei in boat it wetter op. "We zijn hier nu een ochtend en hebben al veel blikjes uit het water gevist," ferfolget Sannah har ferhaal, wylst se mei grize wanten siket nei ôffal. "Ik word verdrietig als ik zoveel afval zie, dat is namelijk nergens voor nodig. Gooi het gewoon in de prullenbak."

Neist Sannah yn de boat sit de 11-jierrige Tjeerd Zandhuis. Hy is it folslein mei Sannah iens en is bot dwaande mei ôffal yn it deistich libben. "Ik neem zelfs afval mee dat niet van mij is. Ik loop soms in het bos en dan zie ik daar van alles liggen. Dat vind ik niet kunnen en dus gooi ik het thuis zelf weg."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Mear as 4.000 kilo smoargens

It is de fjirde kear dat de aksje Skjin Wetter hâlden wurdt. Simon Bijlsma is projektlieder: "Skjin wetter dogge we omdat der sa'n protte swalkôffal yn ús omjouwing telâne komt en mei nammen yn it wetter. De effekten yn it wetter binne hiel grut: bisten dy't der troch stikke, dea geane omdat se de mage fol hawwe mei plestik. Dêr besykje wy bewustwurding foar te kreëarjen."

Plestik skiede

Alle jierren dogge der mear frijwilligers mei. Fan in stik as fyftich dielnimmers by de earste edysjes oant mear as 1000 dit jier. "Ferline jier ha we mear as 4.000 kilo fûn. Dat kin sa echt net mear", seit Bijlsma. Dit jier is de aksje in hiele wike en wurdt it ôffal oars behannele. "Dit jier skiede we it plestik. Dêr kinne we dan in moaie priis fan meitsje foar de frijwilliger dy't it measte smoargens fynt. Wat dy priis wurdt, sizze we noch net", laket Bijlsma.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort praat mei Simon Bijlsma fan de Fryske Miljeufederaasje

Suppers

Dy priis kin ek fan in tal suppers wurde, dy't yn de grêften fan de stêd sykje nei rotsoai. "Der leit altyd fan alles", seit Tjallien Kalsbeek. Sy is mei twa freondinnen oan it suppen. "It foardiel fan suppen is dat we oeral bykomme kinne. Hjoed ha we al in protte fûn, lykas in hamburgerbakje en in tal blikjes kola. Ik wit dat der in protte leit, mar hooplik kinne we it bewustwêzen wat fergrutsje. As minsken ús yn de grêft fiskjen sjogge, dat se dêrnei stilstean by wat se fuortsmite. Dat is ús doel."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
(Advertinsje)
(Advertinsje)