Pine om natoer sette Jan Kleefstra oan ta dichtsjen

It ferdwinen fan de natoer yn Fryslân en de wize fan omgean mei it lânskip troch ús as minsken, is foar Jan Kleefstra fan Akkrum de driuwfear om gedichten te skriuwen. Koartlyn ferskynde syn bondel 'Het verlegen land'. In literêr resinsint skriuwt dêroer: "Waarom heeft Kleefstra niet allang alle literaire prijzen in de wacht gesleept?"
Jan Kleefstra draacht foar út syn dichtbondel © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
As jonkje groeide Kleefstra op yn Akkrum, tichteby in guozzegebiet. Hy hearde yn de hjerst en winter it lûd fan de guozzen, libbe mei harren. "En no tinke wy dat wy it rjocht hawwe se ôf te sjitten, omdat se tefolle gers frette." It docht him sa sear dat er net mear yn it Frysk dichtsje kin. "Sûnt it beslút trije jier lyn nommen is dat de guozzen ôfsketten wurde meie, slagget it my net mear om yn myn memmetaal te skriuwen. Dy taal komt te ticht by myn pine."

Ekonomy wint fan natoer

Kleefstra kin der net oer út dat it yn ien generaasje safier kommen is. "Wat wy yn ien generaasje dien hawwe mei ús Fryske lânskip: dat hielendal oerjûn ha oan it ekonomysk gewin, en dat dat no folslein eksploitearre wurdt mei alle gefolgen. Dat hat in enoarme ynfloed op de kwaliteit fan myn libben en op alles om my hinne."

"Waarom heeft Kleefstra niet allang alle literaire prijzen in de wacht gesleept?"

It dichtsjen is needsaak foar Kleefstra. "Ik beskôgje it as in soarte ferslaving. Ik kin eins net mear bûten rinne sûnder alles te besykjen yn wurden ûnder te bringen, wylst wurden altyd te koart sjitte."
De poëzy fan de Akkrumer wurdt sa no en dan resinsearre. Oer syn nijste bondel 'Het verlegen land' skriuwt de resinsist fan poëzie-leestafel.info it folgjende: "En ook al is deze bundel gevuld met gestroomlijnde poëzie. Ze zijn nergens hermetisch, de mooie verzen. Waarom heeft Kleefstra niet al lang alle literaire prijzen in Nederland in de wacht gesleept? Dat zegt veel over Nederland. Wat een fraaie bundel."
Jan Kleefstra hat al meardere publikaasjes op syn namme stean. Eardere bondels binne ûnder oaren 'Een mistval om het rumoer', 'Windtoon' en 'Raaf verwantschap'.
Yn it radioprogramma Buro de Vries op snein 27 septimber in lang ynterview mei de dichter.