Omrop TIP: Meindert Talma en Domela

26 sep 2020 - 14:55

Meindert Talma toert op 'e nij mei 'De Domela Passie' door Nederland. Troch corona hawwe syn optredens in skoft stillein. Ut de Fryslân DOK fan filmer Herman Zeilstra komt nei foaren hoe't Meindert Talma him yn de ôfrûne 20 jier ûntwikkele hat as keunstner.

Meindert Talma hat noch in tsjinfaller te ferwurkjen hân: it Fonds voor de Podiumkunsten wegere him subsydzje. It fûns neamde de artistike kwaliteit fan Talma 'zwak' en wie net te sprekken oer syn sang. Dy negative beoardieling kaam ek it Fonds sels te stean op krityk: in protte minsken bewûnderje júst de eigensinnichheid fan Talma as artyst en de sizzenskrêft fan syn teksten.

Foto: Omrop Fryslân

Op de 'Domela Passy' ûntfong Talma allinnich mar loovjende resinsjes. Hûndert jier nei syn dea dûkt Talma yn it libben fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, predikant en de earste sosjalistyske foaroanman fan ús lân. Domela moedige de earme arbeiders oan om selsstannich te tinken en harren te ferienigjen. Hy waard 'Us Ferlosser' neamd. Domela naam ôfskie fan de tsjerke, mar hy bleau Jezus trou.

Foto: Omrop Fryslân

Meindert Talma is fassinearre troch Domela Nieuwenhuis en troch de figuer fan Jezus. Beide hawwe in protte folgelingen, ek Domela wie in soarte fan Messias. Fan beide is de persoanlike libbensrin ynteressant. Hûndert jier nei it ferstjerren fan Domela makke Meindert Talma in passy oer him. De passys dy't it lijensferhaal fan Jezus ferbyldzje, binne syn foarbyld.

Herman Zeilstra (l) en Meindert Talma - Foto: Omrop Fryslân

De dokumintêre lit sjen hoe't Meindert Talma (1968) himsels as muzikant en komponist hieltyd op 'e nij útfynt. Hy begûn as skiednisstudint yn Grins mei syn band 'Meindert Talma & The Negroes', dêr't hy stadichoan mear sukses mei helle fan in nasjonaal publyk. Hy die spesjale projekten oer fuotballers (Eenmaal Oranje, 2012 en Balsturig, 2019). Talma makke biografyske ferhalen, bygelyks oer de keunstner Hendrik Werkman en de dammer Jannes van der Wal. Mei de Domela Passie giet hy in nije faze yn, no't hy wurket mei mear musisy en in kompleet koar. By de premjère fan de 'Domela Passie' yn 2019 skreaune sjoernalisten: 'een voorlopig hoogtepunt' en 'zijn magnum opus'.

De Fryslân DOK 'De Domela Passy fan Meindert Talma' is op telefzyje te sjen op sneon 26 septimber 15.30 oere by NPO 2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 27 septimber 13.00 oere).

Snein 27 septimber 17.00 oere by Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

Yn jannewaris 2020 is 'De Domela Passy fan Meindert Talma' ek útstjoerd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)