HEA! De leafde foar fjoertuorren
Fan syn 7e jier ôf is Renco Adema fan Easterwâlde hielendal yn de ban fan fjoertuorren. By him thús hat hy in spesjale keamer ynrjochte mei alles wat hy mar fine kin oer fjoertuorren. Ek syn bûtenlânske reizen gean by fjoertuorren del. Hy hie eins ek fjoertoerwachter wurde wollen, mar dat is der net fan kaam.