FIDEO: Europeeske Taledei yn Frjentsjer

Yn de gemeente Waadhoeke begjint no sneon in kampanje om de fjouwer talen yn dy gemeente op boartlike wize sichtber te meitsjen. Dat bart mei sin op 26 septimber, want dan is it Europeeske Taledei.
Om 11.00 oere begjint yn de riedseal fan de gemeente Waadhoeke de manifestaasje Europeeske Taledei fan it EBLT, Mercator, Ljouwert City of Literature en it taalplatfoarm fan Waadhoeke. Der binne optredens fan de Biltker trûbadoer Jan de Vries, dichter des vaderlands Tsead Bruinja en de Grinslanner dichter Fieke Gosselaar. Fierders wurdt ek de oersetting fan Nijntje yn it Franekers presintearre. It evenemint wurdt yn it Biltsk presintearre troch foarsitter Froukje de Jong fan it EBLT.
Omdat der fanwege de coronaregels mar in bytsje publyk by mei, wurdt it evenemint streamd troch de gemeente Waadhoeke.