Meiwurker Bennemastate yn Hurdegaryp besmet mei corona, tolve bewenners yn karantêne

Tolve bewenners fan wensoarchsintrum Bennemastate yn Hurdegaryp moatte yn karantêne. In meiwurker fan de twa ôfdielingen dêr't de bewuste bewenners ferbliuwe, is posityf test op it coronafirus, Ien fan de bewenners mei mooglike klachten is ek test. Der wurdt noch wachte op de útslach fan dy test.
Bennema State yn Hurdegaryp © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De oare bewenners wurde nije wike test. It giet om demintearjende âlderein. Dy kinne sels dreech oanjaan oft se klachten hawwe. Dêrom wurde se foar de wissigens allegear test.
Yn de tsien dagen dat se yn karantêne sitte, meie de bewenners gjin besite hawwe. In aaklike maatregel fine se by Noorderbreedte, mar it is wol nedich om it firus net fierder ferspriede te litten, fertelt Douwe de Jonge, ferpleechkundige yn Bennemastate. Hy ferwachtet ek dat it de kommende tiid faker foarkomme sil dat der karantêne oplein wurde moat, omdat it coronafirus dochs ek hjir yn Fryslân hurd opkomt.
Douwe de Jonge oer corona yn Bennemastate: Ferfelende maatregel, mar wol nedich.