Kollum: "Hingje oan in klif"

26 sep 2020 - 09:31

"Wêrom wurdt immen eins skriuwer? Dêr is dochs neat oan? Je sitte mar wat allinnich op jo keammerke achter de kompjûter te tikjen, of skriuwe it iene fel nei it oare fol mei jo harsensspinsels.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong: Hingje oan in klif

It duorret tiden foardat je klear binne mei it skriuwen fan in boek, je kinne yn dy kostbere tiid tûzen oare dingen dwaan dy't folle mear ta de ferbylding sprekke. Tsjintwurdich helje saneamde 'influencers' en 'vloggers' earder de headlines as de gemiddelde ambachtlike wrotter mei in briljant idee foar in spannend ferhaal. It moat hjoed-de-dei koart, hip, net te dreech en foaral net mei in te djippe lading wêze, sa liket it.

Skriuwen is iensum wurk, je moatte hoopje dat je net tsjin de hongerklop foar skriuwers oprinne. It saneamde writersblock hinget as in swurd fan Damocles boppe de holle fan alle skriuwers. Achter jo toetseboerd sitte, mar gjin flau idee hawwe hokker toetsen je yndrukke moatte om wat fatsoenliks op it digitale papier te krijen. De 'delete'-knop is by skriuwers nea ûnder in stoflaach ferskûle, skriuwe is skrasse, hinget as liifspreuk yn in tinkbyldich listje oan de wand.

Mar...

as it dan slagget en jo hawwe it idee. Jo ha de tiid om it idee op papier te setten. It idee komt der mei deselde faasje út as dêr't je it mei betocht hawwe, dan is skriuwen in feest. Dan kinne jo ynienen echt supergoed en fluch 'tsien fingers blyn' type, want as it goed sit, komt it ferhaal hast automatysk út de fingerseinen wei. It is foar minsken dy't net skriuwe in gefoel dat se grif net herkenne sille. Fergelykje it mar mei in skot op doel dat, flak neidat je de bal rekke hawwe, yn jo gedachten al as in doelpunt byskreaun wurdt. Je hawwe de bal sa lekker rekke dat it net mear misgean kin.

Dêrnei is it trouwens wer ien grut drama, dat skriuwen. Dan begjint nammentlik it ellindige neisjen fan jo eigen wurk. Net ien kear, mar talleaze kearen. Je krije op in gegeven momint in proefdruk thús. Digitaal of op echt papier. Dat lêste is foar in purist dan wer in skrale, positive treast. Papier dat krekt bedrukt is, rûkt lekker. Mar ja, jo eigen teksten stean derop. En dy wiene leuk doe't je se betochten, mar nei fiif kear neilêzen hawwe je it der wol wat mei hân. It is de meast ferfelende perioade fan it fabrisearjen fan in boek. Mar klear, as je wat wolle, moatte je der wat foar dwaan.

Dan komt it tichterby, it momint fan dat de útjouwer seit dat it boek nei de printer gien is. Dan is it eins al út jo hannen. It aai is lein en wurdt no útbret. Der is in ISBN-nûmer, it kaft is klear. Nei in wike as wat komt de post oan de doar mei in doaze. Dat is it momint dat je dochs wer even senuweftich binne. Hoe soe it derút sjen? Rûkt it lekker? En, foar my persoanlik ek wichtich, soe it ferkeapje? Want jo komme net foar neat út in famylje fan keaplju. Skriuwe is leuk, mar net allinnich foar josels. It moat lêzen wurde, al sille de djipfryske Gysbert oanhingers no wol wer raar guod spuie. Se dogge mar.

En no dus de cliffhanger: Soe der ynkoarten wat ferskine? Dat wit allinnich de skriuwer, jimme lekker net."

(advertinsje)
(advertinsje)