Liveblog | 26 septimber 2020

Coronanijs 26 septimber: Oantal coronabesmettingen nimt eksplosyf ta

Folgje hjir it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 26 septimber 2020, 23:47
sneon 26 septimber 2020
22:02

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan sneon 26 septimber oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.
Snein is der in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus. Dat is te finen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.
20:03

Tachtich nije besmettingen op ien dei: safolle ha dat der noch noait west

It oantal nije coronabesmettingen nimt eksplosyf ta. Yn Fryslân binne yn ien dei tachtich nije coronabesmettingen melden. Dat blykt út sifers fan it RIVM.
© OF
Safolle nije besmettingen ha der yn Fryslân noch noait west op ien dei. It âlde rekôr stie op 61. Dat wie juster.
De GGD neamde de sitewaasje doe al soarchlik. "Het komt in de hele provincie en in alle leeftijden meer op. Dat maakt het ook lastig om het in te dammen en te bedenken welke maatregelen nuttig zijn", sei Everhard Hofstra fan de GGD.
In wurdfierder fan de GGD beklammet no opnij dat minsken har beslist oan de coronaregels hâlde moatte. Oardel meter ôfstân hâlde, hânwaskje, en thús bliuwe mei klachten,
17:46

Coronabubbel op Roland Garros: reservetennisser Sander Arends sit yn karantêne

De Ljouwerter tennisser Sander Arends sit yn Parys yn karantêne, yn ôfwachting fan in eventuele dielname oan it tennistoernoai Roland Garros. Arends en syn dûbeldpartner steane op de reservelist, mar meie thús net ôfwachtsje oft se eventueel letter dochs noch meidwaan meie.
© www.orange-pictures.nl
Sander Arends
"We mogen alleen in het hotel zijn, of met transport van het toernooi naar de baan. Het is verre van ideaal, maar je moet de situatie nemen zoals die is", seit Arends.
Oft er oan bar komme sil, is net wis. Sels skat er dy kâns op fyftich persint. Dat er no dagenlang yn de bubbel fan Roland Garros sit, har er dêr foar oer. "Het is een heel mooi toernooi."
17:38

Bewenners Abbingahiem yn isolaasje nei positive coronatesten

Yn wensoarchsintrum Abbingahiem yn Ljouwert binne 22 bewenners yn karantêne pleatst. In meiwurker en in bewenner binne posityf test op it coronafirus. De hiele ôfdieling is dêrom ôfsletten, der mei gjin besite mear komme.
© Omrop Fryslân
Personiel wurket yn beskermingspakken. Moandei wurde de bewenners testen op it firus. Yn de rin fan nije wike, as de útslaggen der binne, wurdt besjoen hoe't it fierdere belied omtrint de isolaasje wêze sil.
17:07

Hoarekasaken nimme maatregels tsjin coronabesmettingen

Meardere hoarekasaken yn Noardeast Fryslân ha besletten om dit wykein maatregels te nimmen om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Dat meldt RTV NOF.
© Omrop Fryslân
De Manalitobar yn Kollum bliuwt jûn previntyf ticht. Kafé Prins yn Kollumersweach wol net mear as 30 minsken yn de saak ha.
15:41

"Alles op alles sette om twadde lockdown foar te kommen"

Undernimmers en bedriuwen moatte alles op alles sette om in twadde lockdown foar te kommen. Dy oprop dogge MKB Nederlân en wurkjouwersferiening VNO-NCW.
Undernimmers soene de kommende tiid noch stranger wêze moatte yn it neilibjen fan de maatregels. In twadde lockdown soe grutte finansjele gefolgen hawwe foar elkenien, seit foarsitter Sieger Dijkstra fan VNO-NCW Noard-Nederlân. Dat is de reden dat er no op de trom slacht.
Wurkjouwers: "Alles ut de kast om in twadde Lockdown foar te kommen"