Coronanijs 26 septimber: Oantal coronabesmettingen nimt eksplosyf ta

26 sep 2020 - 23:47
  • It oantal nije coronabesmettingen nimt eksplosyf ta, noch noait wiene der yn ien dei safolle nije besmettingen;
  • Tsientallen bewenners fan Fryske soarchsintra sitte yn karantêne, it personiel draacht beskermingspakken;
  • Tennisser Sander Arends belibbet Roland Garros fanút in coronabubbel;
  • Yn Fryslân binne yn totaal 69 minsken ferstoarn oan it firus. Yn de ôfrûne wike binne 209 besmettingen fêststeld;
  • Sjoch op de kaart foar de aktuele situaasje per gemeente;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
22:02
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan sneon 26 septimber oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.

  • Der binne yn ien dei tachtich nije besmettingen konstatearre, noch noait ha dat der safolle west;
  • Tsientallen bewenners fan Fryske soarchsintra sitte yn karantêne, en it personiel draacht beskermende pakken;
  • Undernimmers en bedriuwen moatte alles op alles sette om in twadde lockdown foar te kommen, sizze de eigen wurkjouwers-organisaasjes;
  • Meardere fuotbalklups skrasse dit wykein alle wedstriden, en dogge de akkomodaasjes op slot;
  • Tennisser Sander Arends belibbet Roland Garros fanút in coronabubbel.

Snein is der in nij liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus. Dat is te finen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.

20:03
Tachtich nije besmettingen op ien dei: safolle ha dat der noch noait west

It oantal nije coronabesmettingen nimt eksplosyf ta. Yn Fryslân binne yn ien dei tachtich nije coronabesmettingen melden. Dat blykt út sifers fan it RIVM.

Foto: OF

Safolle nije besmettingen ha der yn Fryslân noch noait west op ien dei. It âlde rekôr stie op 61. Dat wie juster.

De GGD neamde de sitewaasje doe al soarchlik. "Het komt in de hele provincie en in alle leeftijden meer op. Dat maakt het ook lastig om het in te dammen en te bedenken welke maatregelen nuttig zijn", sei Everhard Hofstra fan de GGD.

In wurdfierder fan de GGD beklammet no opnij dat minsken har beslist oan de coronaregels hâlde moatte. Oardel meter ôfstân hâlde, hânwaskje, en thús bliuwe mei klachten,

17:46
Coronabubbel op Roland Garros: reservetennisser Sander Arends sit yn karantêne

De Ljouwerter tennisser Sander Arends sit yn Parys yn karantêne, yn ôfwachting fan in eventuele dielname oan it tennistoernoai Roland Garros. Arends en syn dûbeldpartner steane op de reservelist, mar meie thús net ôfwachtsje oft se eventueel letter dochs noch meidwaan meie.

Foto: www.orange-pictures.nl

Sander Arends

"We mogen alleen in het hotel zijn, of met transport van het toernooi naar de baan. Het is verre van ideaal, maar je moet de situatie nemen zoals die is", seit Arends.

Oft er oan bar komme sil, is net wis. Sels skat er dy kâns op fyftich persint. Dat er no dagenlang yn de bubbel fan Roland Garros sit, har er dêr foar oer. "Het is een heel mooi toernooi."

17:38
Bewenners Abbingahiem yn isolaasje nei positive coronatesten

Yn wensoarchsintrum Abbingahiem yn Ljouwert binne 22 bewenners yn karantêne pleatst. In meiwurker en in bewenner binne posityf test op it coronafirus. De hiele ôfdieling is dêrom ôfsletten, der mei gjin besite mear komme.

Foto: Omrop Fryslân

Personiel wurket yn beskermingspakken. Moandei wurde de bewenners testen op it firus. Yn de rin fan nije wike, as de útslaggen der binne, wurdt besjoen hoe't it fierdere belied omtrint de isolaasje wêze sil.

17:07
Hoarekasaken nimme maatregels tsjin coronabesmettingen

Meardere hoarekasaken yn Noardeast Fryslân ha besletten om dit wykein maatregels te nimmen om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Dat meldt RTV NOF.

Foto: Omrop Fryslân

De Manalitobar yn Kollum bliuwt jûn previntyf ticht. Kafé Prins yn Kollumersweach wol net mear as 30 minsken yn de saak ha.

15:41
"Alles op alles sette om twadde lockdown foar te kommen"

Undernimmers en bedriuwen moatte alles op alles sette om in twadde lockdown foar te kommen. Dy oprop dogge MKB Nederlân en wurkjouwersferiening VNO-NCW.

Undernimmers soene de kommende tiid noch stranger wêze moatte yn it neilibjen fan de maatregels. In twadde lockdown soe grutte finansjele gefolgen hawwe foar elkenien, seit foarsitter Sieger Dijkstra fan VNO-NCW Noard-Nederlân. Dat is de reden dat er no op de trom slacht.

15:32
It coronafirus hat ús oan it tinken set: moatte we de Slach by Warns faker betinke as ien kear yn it jier?

Normaalwei wie hjoed de betinking west fan de Slach by Warns, mar fanwegen it coronafirus koe dy net troch gean. Dat hat de organisaasje fan de betinking oan it tinken set, seit Bruno Rummler fan de stichting. "Moat dit wol ien kear yn it jier? Miskien kin it wol trochrinnend, dus altyd, en op in oare wize."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Harkje nei Bruno Rummler fan de organisaasje

De Stifting Slach by Warns set him yn foar de Fryske taal en kultuer. "Wy kinne net hingjen bliuwe yn it ferline: Wy binne grutsk op wa't wy binne. Mar jo moatte jo thúsfiele kinne yn ús provinsje, ek as jo net iens de taal behearskje."

15:14
VVT Twizelerheide skrast wedstriden senioaren

Fuotbalferiening VVT hat alle senioarewedstriden foar dit wykein skrast. Ien fan de leden is besmet mei it coronafirus. Jeugdwedstriden binne hjoed noch wol spile. De klup slút de akkomodaasje yn alle gefallen oant woansdei 30 septimber.

14:04
Gjin fuotbal foar SC Berlikum troch besmetting

By de fuotbalklup fan Berltsum wurdt dit wykein net fuotballe. Meardere leden soene besmet wêze mei it coronafirus. Op de webside fan de klup falt te lêzen dat earder al besletten wie om de kantine ticht te dwaan, mar neidat bekend waard dat der in nije besmetting wie, hat it bestjoer besletten dat gjin inkeld team dit wykein yn aksje komt. De akkomodaasje giet op slot. De fuotbalskoalle foar bern fan 7 oant 11 jier is de hiele wike ticht.

Hoe't it nije wike fierder giet, is noch net dúdlik. Neffens de klup hinget dat ôf fan de fierdere ûntwikkelingen.

10:22
Hoareka-ûndernimmer net benaud foar corona
Drokte yn restaurant Baylings op de iepeningsjûn - Foto: Omrop Fryslân

It liket moedich: in grut restaurant iepenje middenyn de coronakrisis. Mar hoareka-ûndernimmer Haroon Hashemi seach fan 't maitiid in unike kâns. Hy weage it derop en begûn yn it eardere Humphrey's yn Ljouwert in nij restaurant.

10:10
Meiwurker Bennemastate besmet mei corona, tolve bewenners yn karantêne
Bennema State yn Hurdegaryp - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Tolve bewenners fan wensoachsintrum Bennemastate yn Hurdegaryp moatte yn karantêne. In meiwurker fan de twa ôfdielingen dêr't de bewuste bewenners ferbliuwe, is positiyf test op it coronafirus, Ien fan de bewenners mei mooglike klachten is ek test. Der wurdt noch wachte op de útslach fan dy test.

9:49
Fryske sikehuzen klear foar twadde golf

Ut ûndersyk fan de NOS blykt dat in part fan de Nederlânske sikehuzen net genôch ferpleegkundigen hat foar in nije oplibbing fan it coronafirus. Dat spilet yn Fryslân net, sa lit in wurdfierder fan de Fryske sikeuzen witte. Earder dizze wike fertelde Erica Bakkum fan it MCL en it Regionaal Orgaan Acute Zorg Noord-Nederland (ROAZ) hoe it der foar stiet yn de sikeuzen yn ús provinsje.

9:00
Wolkom by dit liveblog

Goeiemoarn en wolkom by dit liveblog fan sneon 26 septimber 2020 oer it coronafirus. Yn dit liveblog fynst it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.

It firus liket wer oan terrein te winnen yn Fryslân. Neffens GGD Fryslân is dat no net allinnich mear ûnder jongerein, mar binne der ek wer besmettings fêststeld ûnder âlderein yn sikehuzen en ferpleechhuzen.

Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en foar elke gemeente op www.omropfryslan.nl/corona. De sifers wurde alle dagen aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it Fryske coronanijs.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)