Sealfuotbalsters Libertas winne ek yn Eindhoven, Drachtster Boys spilet lyk

De sealfuotbalsters fan Libertas út Driezum hawwe freedtejûn harren twadde wedstriid yn de earedifyzje wûn. Yn Eindhoven wie Libertas te sterk foar Totelos: 2-5. De oare Fryske ploech yn de earedifyzje sealfuotbal, Drachtster Boys, spile mei 2-2 lyk tsjin FC Marlène.
Fuotbal © Shutterstock.com
Libertas stie by rêst mei 1-2 foar en boude dêrnei de foarsprong út. It is de twadde oerwinning foar de ploech út Driezum, dy't no seis punten út twa wedstriden sammele hat.
Drachtster Boys moast thús in betide efterstân goedmeitsje. FC Marlène út Heerhugowaard kaam fia Chantal Hendriksen op 0-1, mar fia de foet fan Amber Werkman waard it al gau 1-1. Yn de twadde helte skoarden beide ploegen nochris en sa waarden de punten dield.
Takom wike spilet Drachtster Boys yn Rotterdam tsjin Feyenoord Futsal. De froulju fan Libertas nimme it dan op tsjin Alkmaar.