"Met de Elfstedentocht wil ik voor mezelf bewijzen dat ik dit nog kan"

25 sep 2020 - 19:00

De Onbeperkte Elfstedentocht is foar elkenien. Dat wurdt freed, op de tredde dei fan de tocht, ekstra dúdlik yn Warkum. Acht âlderen begûnen dêr oan harren Alvestêdetocht. Se rinne 500 meter mei de rollator fan it fersoargingstehûs Mariënacker nei de merk fan de stêd. Ien fan harren is Janny Schut út Heerhugowaard.

Schut hat lêst fan neuropaty. In oandwaning dy't minsken krije kinne as se kanker hân ha. "Ik ben heel erg ziek geweest", fertelt se. "Ik heb borstkanker gehad en bijwerkingen overhouden van de immunotherapie en chemokuur."

In soad muoite

By neuropaty wurkje ien of mear senuwen net goed mear. Hjirtroch hat Schut in soad lêst fan har hannen en fuotten. Dat se dizze fiifhûndert meter rinne sil kostet har dêrom in soad muoite. "Maar ik kan het wel Met de Elfstedentocht wil ik mezelf bewijzen dat ik dit nog kan. En als het moet kan ik altijd even op de rollator zitten."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De Onbeperkte Elfstedentocht wurdt hâlden fan 23 oant en mei 27 septimber. De organisaasje leit yn hannen fan Sandy Krijnen út Koarnwert. Se hat MS en sadwaande kin se net meidwaan mei har man oan de Fytsalvestêdetocht. Dat moat oars, tocht se, en se naam it inisjatyf foar de 'Onbeperkte 11-stedentocht'. In evenemint foar minsken mei in beheining dy't altyd oan de kant stean, en no de gelegenheid krije om sels yn de skynwerpers te stean.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)