Hearrenfean-oanfaller Mitchell van Bergen slút transfer net út

25 sep 2020 - 18:13

Mitchell van Bergen slút net út dat hy Sportklup Hearrenfean ferlit. De rjochtsbûten fan Hearrenfean hat der foar keazen syn kontrakt, dat noch rint oant 2022, net te ferlingjen. Hy wachtet no op belangstelling fan klups. By de fraach oft der ynteresse is, komt in grutte glimk op it gesicht fan Van Bergen. "Ik laat het allemaal op me afkomen. Ik voel me hier thuis, maar iedere speler wil hogerop. Of er interesse is? Ik weet het niet, hahaha."

Oanfaller Mitchell van Bergen:

Mitchell van Bergen slút transfer net út-1

Sportklup Hearrenfean begjint sneontejûn yn de wedstriid tsjin VVV Venlo mei deselde alve nammen as ferline wike tsjin Fortuna Sittard. Ibrahim Dresevic slút wol wer oan by de seleksje, mar hy is noch net fit genôch en dus begjint Jean Paul van Hecke wer yn de basis. Ullyses Llanez mei noch net meidwaan, omdat it oerskriuwen fan Wolfsburg nei Hearrenfean noch net rûn is. Technysk manager Gerry Hamstra achtet de kâns lyts dat hy by de seleksje sit.

Fernandez noch net fit

Joaquin Fernandez hat dizze wike wol wer in bytsje meitraind, mar hy sit sneon noch net by de seleksje en de ferwachting is dat hy folgjende wike freed tsjin FC Utrecht ek noch net meidwaan sil. Jan Ras is al langer útskeakele en Jansen hopet dat hy oer twa of trije wiken wer ris fan minuten meitsje kin by Hearrenfean ûnder de 21.

Opstelling: Mulder, Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenberg, J. Veerman, Kongolo, Batista Maier, Van Bergen. H. Veerman en Van der Heide.

Hearrenfean begûn ferskriklik min oan it seizoen troch yn de tarieding alle wedstriden te ferliezen, mar de echte kompetysjestart is mei seis punten út twa wedstriden en goed fuotbal formidabel. Johnny Jansen: "Het belangrijkste is dat er een team op het veld staat. Dat ze willen knokken en strijden voor elkaar. En dat ze de sterke kant van het elftal willen benutten."

"Stuk beter geworden"

Van Bergen is ek bliid mei de start fan it nije seizoen. "Als je in de voorbereiding zo slecht gaat, dan verwacht je dit niet. Maar met een aantal versterkingen zijn we een stuk beter worden. Ik denk dat onze speelwijze waar we de hele voorbereiding aan hebben gewerkt, nu voor iedereen duidelijk is."

Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean:

Johnny Jansen oer VVV

Skaadkant fan sukses is dat der faak ek mear belangstelling komt foar spilers. Sa stiet Joey Veerman nochal yn de 'picture' de lêste wiken. Hy wurdt troch ferskate "kenners" sjoen as in goeie fuotballer, dy't wolris in stap meitsje kin nei in oare klup. "Daar ben ik niet bang voor. Het zou hartstikke zonde zijn, ik wil heel graag nog langer met Joey werken. Maar als het wel zo is, dan zou het goed zijn voor de club, maar dan gaat het om geld."

Oanfaller Mitchell van Bergen:

Mitchell van Bergen slút transfer net út-2

Hearrenfean liet tsjin Willem II en Fortuna Sittard it balbesit mear oer oan de tsjinstanner. Sadwaande wie Hearrenfean hiel gefaarlik op de omskeakeling. Tsjin VVV Venlo kin dat wolris oars wêze. "Je zult meer gedwongen worden dat je de bal hebt. We moeten nog steeds beter worden aan de bal. Dat is wel een verbeterpunt. VVV heeft gespeeld tegen Utrecht en Emmen en beide ploegen waren veel aan de bal. Ze hebben veel lopers, komen snel in de zestienmeter. Daar moeten we scherp op zijn. We moeten er opletten waar we balverlies lijden."

De wedstriid Hearrenfean-VVV Venlo is sneon live te folgjen by Omrop Fryslân Radio. It kommentaar is fan Roelof de Vries en de wedstriid begjint sneontejûn om 20.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)