Grûn oankocht foar realisaasje tijmar Holwert oan See

De stjoergroep Holwert oan See hat ôfrûne moandei ynstimd mei de oankeap fan twa stikken grûn fan 14 en 18 hektare, dy't nedich binne foar it realisearjen fan it tijmar. Se kinne ek ynsetten wurde as ruilgrûn by kavelruil.
© Provinsje Fryslân
Dizze wike begjint ek it grûnûndersyk by Holwert oan See. Op it takomstige trajekt fan de fargeul en de tijmar wurdt fia djippe grûnboarrings ûndersyk dien nei miljeu-hygiënyske kwaliteit, de kwaliteit fan it materiaal en de boaiemopbou. Ek wurdt der archeologysk ûndersyk dien.

Ferbining hersteld

By Holwert oan See is it plan om in trochbraak yn de seedyk te meitsjen wêrmei't de ferbining tusken de Waadsee en it achterlân hersteld wurdt. Dat leveret neffens de stichting net allinnich ekonomyske foardielen op foar it doarp en de regio, mar soe ek foar de natuer en de bisten yn it gebiet goed wêze.