HEA! In bananebeam yn Wâlterswâld

25 sep 2020 - 15:30

Eins hie Pieter Veenstra fan Wâlterswâld leaver túnman wurden. It waard sjauffeur. Mar doe't hy sa'n 15 jier lyn út it wurk rekke, begûn hy mei de oanlis fan in siertún. Dy tún beslacht yntusken sa'n 2000 kante meter en der steane wol 250 ferskillende soarten planten yn. In opfallend ûnderdiel yn de tún oan De Zandhorst is de metershege bananebeam, dy't Veenstra alle jierren troch de winter helpt.

HEA! Tún De Zandhorst

(Advertinsje)
(Advertinsje)