Dûkteam fisket goed twa ton oan ôffal út de Noardsee

25 sep 2020 - 15:12

In dûkteam hat de ôfrûne twa wiken mear as twa ton oan ôffal út de Noardsee helle. De profesjonele dûkers sochten boppe It Amelân en Skiermûntseach by trettjin skipswrakken nei ferlerne lading en fisknetten.

It team fan 30 frijwilligers hat yn 19 dûken fjouwer big bags oan fisknetten en ferlerne lading oprêden, yn totaal mear as twa ton. It grutste part dêrfan is plestik, ôfkomstich fan kontenerskip MSC Zoe.

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

Stichting Duik De Noordzee Schoon neamt de resultaten "boven verwachting", om't in pear dûken net trochgean koene fanwegen hege weagen. It oantroffen tekstyl, de elektroanika en húshâldlike artikels wiene foar it grutste part al ûnder it sân ferdwûn, wêrtroch't it sykjen en bergjen fan it guod dreger waard.

Stichting Duik De Noordzee Schoon

De skjinmakaksje wurdt organisearre troch Stichting Duik De Noordzee Schoon. It dûkteam bestiet neist supportdûkers ûnder maryn biologen, amateurarcheologen, ekologen, fotografen en filmers. Se meitsje skipswrakken feilich foar it ûnderwetterlibben en histoarysk erfgoed, de fersmoarging en it libben yn de Noardsee sichtber foar it grutte publyk.

Yn septimber foarich jier organisearre Stichting Duik De Noordzee Schoon ek in dûkekspedysje yn de Noardsee. Dêrby waard 2.500 kilo ôffal burgen. Dêrfan is neffens de stichting 500 kilo ôfkomstich fan konteners dy't it skip MSC Zoe begjin 2019 kwytrekke.

Ekspedysjelieder Ben Stiefelhagen oer de aksje

(advertinsje)
(advertinsje)