Stichting Ons Zwembad Boalsert: "Gemeente moat ferantwurdlikens pakke"

25 sep 2020 - 14:21

It swimbad yn Boalsert bliuwt oant 1 july 2021 iepen. Dat hat de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân besletten. It kolleezje hie it swimbad mei yngong fan 1 jannewaris slute wollen, omdat it te djoer is. Stichting Ons Zwembad, dy't him ynset om it swimbad iepen te hâlden, is wiis mei it beslút: "We binne hiel bliid dat we mear tiid krigen hawwe", seit wurdfierder Tineke Breeuwsma.

"Der leit al in eksploitaasjeplan fan Stichting Ons Zwembad en eksploitant Optisport. Wat ik tongersdei begrepen ha út de gearkomste is dat der in wurkgroep komt dy't mei ús meisjen sil", leit Breeuwsma út. "Wy hawwe fansels al in hiel soad ekspertize en wy wolle harren dêryn stypje. We moatte elkoar dêryn helpe."

Takomstbestindigens

Neffens Breeuwsma hat it swimbad ynvestearrings nedich en moat der ûnderhâld plege wurde. "Der moat takomstbestindigens komme." Mar dat kostet in soad jild, wylst de gemeente op it stuit krap yn 'e sinten sit. Breeuwsma: "In swimbad kostet jild, mar op dit stuit binne wy it goedkeapste oerdekte swimbad yn Súdwest-Fryslân." It soe neffens de stichting dêrom net logysk wêze dat it Boalserter swimbad sletten wurdt. "De wurkgroep sjocht mei ús hoe't we it it bêste oanpakke kinne."

Ferplichting nei ynwenners

De gemeente is skeptysk oer hoe't it no fierder moat. Breeuwsma sjocht lykwols mei fertrouwen nei de takomst fan it bad: "Dêr moatte wy gewoan út komme kinne. Dat is de gemeente ek ferplicht nei de ynwenners fan Boalsert ta. Se moatte harren ferantwurdlikens pakke en har maksimaal ynspanne foar ús om it bad te behâlden."

Tineke Breeuwsma fan Stichting Ons Zwembad

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)