Drinte komt mei antwurd by bestriding ikeprosesjerûp

25 sep 2020 - 14:11

Troch de natuerlike fijannen fan de ikeprosesjerûp safolle mooglik de romte te jaan de rûp bestride: dat wie de opset fan in proef yn Wapserveen yn Drinte, dy't ek yn Weststellingwerf útfierd is. Ut de resultaten docht bliken dat der oant wol tachtich persint minder ikeprosesjerûpen oerbliuwe. Bykommend foardiel is dat it ek nochris goedkeaper is as tradisjonele foarmen fan bestriding, bygelyks mei fergif.

De hierkes fan de ikeprosesjerûp kinne sûnensklachten feroarsaakje, lykas jokte, reade bultsjes en yn guon gefallen eachklachten. De ôfrûne jierren is de rûp út it suden wei dwaande mei in opmars. Ek Fryske gemeenten ha der alle jierren wer bot lêst fan.

Yn it Drintske Wapserveen hat de boerekoöperaasje Boermarke de ôfrûne jierren dwaande west mei in proef om de ikeprosesjerûp te bestriden. Dyselde proef is ek yn Weststellingwerf holden. Foarman Ton Spijkerman leit út: "Het is een heel vervelend, irritant rupsje. Die haartjes schiet hij uit als beschermmiddel, maar mensen kunnen daar veel last van hebben. Daarom wilden wij de eikenprocessierups laten bestrijden door zijn natuurlijke vijanden. Maar daarom moet je die natuurlijke vijanden een zo ideaal mogelijke biotoop bieden. Dan moet je denken aan een sluipwesp bijvoorbeeld of de koolmees, die heel veel rupsen vreet. Maar ook de grootoorvleermuis is zo'n vijand, want die eet de nachtvlinders op die uit zo'n eikenprocessierups voortkomen."

Ton Spijkerman fan koöperaasje Boermarke

Yn Wapserveen binne twa lokaasjes ûnderdiel fan de proef. Beide lokaasjes hiene yn it ferline bot te krijen mei de ikeprosesjerûp. Op de earste lokaasje wurdt neat dien. Op de twadde lokaasje wurde der just wol maatregels naam. Sa binne der nêstkastkes ophongen, blommelinten plante en oare maatregels naam. Ut ûndersyk docht bliken dat der op de twadde lokaasje nei in pear jier oant wol tachtich persint minder ikeprosesjerûpen sitte.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar sjocht by de proeflokaasje

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Spijkerman is tige bliid mei de útkomsten fan it ûndersyk. "De koolmees is heel goed in het opeten van de rups. Maar hij moet in de winter ook kunnen overleven. Dus de koolmees wordt bijgevoerd als er geen rupsen meer zijn. Maar ze eten bijvoorbeeld ook insecten, dus hebben we 20.000 bloembollen uitgedeeld hier in de buurt. Die bloemen trekken insecten aan, die trekken koolmezen en die eten de rups. Op die manier creëer je één systeem, waarin ruimte ontstaat voor elke vijand van de eikenprocessierups. Je moet daarvoor draagvlak creëren bij mensen, maar het is stukken goedkoper dan het bestrijden met gif. En het werkt prima. Je ziet, langs deze straat fietsen bijvoorbeeld kinderen naar school, die hebben nergens last van."

(Advertinsje)
(Advertinsje)