Freedsmerk oer SP-plan om euro te ferlitten: "We binne mei de euro belazere"

25 sep 2020 - 13:55

Wy moatte fan de euro ôf. Dat stelt de SP yn it nije konsept-ferkiezingsprogramma. De Europeeske ekonomyen rinne fiersten te fier út inoar foar ien mienskiplike munt. In nije munt foar lannen dy't kwa ekonomy ticht by inoar lizze, is foar elkenien better, ferwachtsje de sosjalisten. Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de mieningen ferdield: "We binne belazere wêr't we by sieten. As ik myn salaris no werom rekkenje nei gûnen, wie ik no in ryk man!"

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Mar oaren fine de euro krekt hiel handich: "Dan hoege we nearne mear te wikseljen. En as je der no útstappe, kostet dat ek wer in fermogen." Guon minsken kinne der noch altyd net goed oan wenne: "Ik hie leaver sa as froeger". Unsin fine oaren: "De SP slacht de planke hjir mis. Wat in 'geneuzel'! We binne dit paad ynslein, dan moatte we dêr de skouders ûnder sette."

Ien fan de keaplju neamt de euro sa't der no is, in goed tsjinwicht foar de US Dollar, "seker foar ús as eksport-regio!" Dochs makke it de measte minsken net in soad út: "Ik krij in moannesalaris en dêr moat ik it mei dwaan, yn hokker munt it ek betelle wurdt..."

De Freedsmerk oer de euro

Trefwurden: 
freedsmerk SP euro
(Advertinsje)
(Advertinsje)