Wensoarchlokaasje Lindestaete op 'e Jouwer offisjeel iepene

25 sep 2020 - 12:45

Wen- en soarchlokaasje Lindestaete oan de Merk op 'e Jouwer is tongersdeitemiddei offisjeel iepene. It is ûnderdiel fan Zorginitiatief de Bosk, foar minsken âlder dan 23 mei in ferstanlike of lichaamlike beheining. De iepeningshanneling waard dien troch bewenster Ryanne Star.

Bewenster Ryanne Star iepenet de doarren fan har nije wenplak - Foto: WR Fotografie

De fyftjin nije bewenners fan Lindestaete namen ôfrûne july al harren yntrek yn it nije gebou, mar de offisjele iepening liet op him wachtsje fanwegen it coronafirus. Om't de organisaasje de iepening net ûnbemurken foarbygean litte woe, waard der yn besletten rûnte omtinken oan bestege.

Utienrinnende soarchbehoeften

Yn Lindestaete wenje minsken fan ferskillende leeftiden en mei útienrinnende soarchbehoeften. Yn totaal wenje der fyftjin folwoeksenen mei in ferstanlike en/of lichaamlike beheining. Eltse bewenner hat syn eigen appartemint mei keuken, baaikeamer en sliepkeamer. Dêrneist is der in sintrale moetingsromte en is der 24-oerssoarch.

Deibestegingslokaasje

Zorginitiatief de Bosk begûn yn 2010 as famyljehûs op 'e Harkema en hat no noch fiif oare lokaasjes op 'e Harkema en yn Droegeham, Drachtsterkompenije en no dus ek op 'e Jouwer. De organisaasje hat ek plannen foar in nije deibestegingslokaasje op 'e Jouwer. Dy moat tsjinoer Lindestaete komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)