Harkyt Pieter Weening oan de start fan it WK: "De foarm is goed"

25 sep 2020 - 12:22

39 jier is er en kommende snein stiet er 'gewoan' wer oan de start fan it wrâldkampioenskip hurdfytsen: Pieter Weening fan 'e Harkema. It WK is dit jier yn Imola, yn Italië. Mei de Harkyt sjogge we foarút nei de koers.

Pieter Weening yn it oranje - Foto: www.orange-pictures.nl

Goeie, Pieter! Hoe is it mei de foarm?

"Wol goed! Ik ha wol wat tawurke nei dizze tiid fan it jier. De Giro stiet ek foar de doar. Oardel wike lyn ha ik de Tirreno-Adriatico riden. Dêr fernaam ik wol dat de kondysje berchop der al oan siet te kommen. Dus ik tink dat ik op it nivo stean dêr't ik stean moat."

Hast it al even oer de Giro. Is it WK dan in tariedingskoers foar dy?

"It WK is fansels ek in wedstriid dêr'tst goed wêze wolst, mar it wie ek wol noflik dat dizze wedstriid der even tuskentroch komt. Oars hie ik hast trije wiken gjin wedstriid oant de Giro. It WK is in geweldige wedstriid op himsels, mar ek wol moai om wat wedstriidhurdheid op te dwaan."

It WK komt wat op in apart momint, ast nei oare jierren sjochst. Makket dat wat út?

"It is sowieso in hiel apart jier. De Tour is ôfrûne wykein finishe, oer in goede wike begjint de Giro al en de Giro is noch net dien of de Vuelta begjint. Alle grutte wedstriden sitte op in klútsje. Dat makket dit ek in apart WK, want it hat noch noait west dat it WK yn it wykein nei de Tour wie. It wurdt tink ik wat in clash tusken de mannen dy't goed rjochting de Giro geane en in pear dy't de Tour riden ha en dêr fit útkaam binne."

Wat wurdt dyn rol op it WK?

"We ha it der noch net hielendal oer hân, mar Tom Dumoulin sil wol ús kopman wurde. It is al wat oars as ôfrûne jier. Doe hiene we Mathieu van der Poel as echte kânshawwer op winst. Dumoulin is wrâldklasse, mar je moatte ek reëel wêze: in wedstriid nei de hân sette is altyd lestich. Ik tink no't Mollema útfallen is en Gesink net meidocht, dêrtroch is de ploech wol wat minder wurden.

It is ek spitich dat Van der Poel net oan de start stiet trouwens, want witst net hoe't in koers ferrint. As it ek mar in lyts bytsje ûnder kontrôle is, dan soe sa'n jonge eventueel noch de finale ride kinne. Mar hy fynt it sels te swier, dat is spitich. We sille sjen oft it ek hiel swier wurdt. Mar yn alle gefallen: wy binne wat minder favoryt as foarich jier."

Fynst it sels noch bysûnder datst der wer by bist?

"It is altyd moai dat de bûnscoach my noch goed genôch achtet om dit noch te dwaan. Hy mei acht man meinimme. Ik bin net oproppen omdat der in pear jonges net by binne, ik stie al op de list. It is altyd moai dat de bûnscoach myn kwaliteiten noch heech ynskat."

Watfoar koers wurdt it, tinkst?

"It is lestich te sizzen, mar ast nei foarige WK's sjochst, dan wurdt de koers faak beslist yn de lêste 40 of 50 kilometer. Dat is ek omdat it sa dreech is, ast 100 kilometer foar de ein oanfalst, dan hâldst it net fol. Dêrom sil de earste forcing dien wurde yn de lêste 40 of 50 kilometer."

Pieter, tige tank en sukses snein!

(Advertinsje)
(Advertinsje)