Europeeske ûnderskieding foar digitaal learprogramma Friesland College

It Friesland College hat tongersdei de Europeeske ûnderskieding Comenius EduMedia Siegel 2020 útrikt krigen. De ûnderwiisynstelling krige de ûnderskieding tegearre mei útjouwerij Boom Beroepsonderwijs yn Meppel foar syn digitale taalprogramma Diglin MVT.
Studinten wurde yn Diglin MVT yn praktyksituaasjes pleatst © Friesland College
De ûnderskieding waard yn Berlyn yn Dútslân digitaal útrikt troch it Gesellschaft für Pedagogik und Information (GPI). De Comenius Awards en Siegels jilde as in wichtige ûnderskieding foar heechweardige multymediaprodukten yn it ûnderwiis. De nominearren foar de prizen komme út hiel Europa wei.

Digitale praktyksituaasjes

Yn Diglin MVT wurkje mbû'ers achter harren kompjûter yn it Frânsk, Dútsk, Ingelsk en Spaansk oan harren lês-, skriuw-, hark- en sprekfeardigens. De studinten wurde fia de kompjûter yn in praktyksituaasjes pleatst. Sa wurde se bygelyks digitaal troch in stêd laat en moatte se ynfolje wat se sjogge yn de frjemde taal.
Dosinten fan it FC-Talencentrum leverje it materiaal oan. ICT-studinten fan it Friesland College bouwe de platfoarms. It programma wurdt troch Boom Beroepsonderwijs op de merk brocht.