Hynstekeuring 2021 giet troch, mar sûnder publyk en net yn WTC

De hynstekeuring fan 2021 giet wol troch, mar sûnder publyk. Ek sil it evenemint net sa as gewoan plakfine yn it WTC yn Ljouwert, mar yn it Fries Congres Centrum yn Drachten. Dat is freed bekend makke troch de organisaasje fan de keuring, it Keninklik Frysk Hynstestamboek (KFPS).
Hengstenkeuring 2021 gaat door, maar zonder publiek en niet in WTC
Neffens de organisaasje sjocht de grutte skare leafhawwer fan Fryske hynders bot út nei it evenemint. Dêrom is besletten om de keuring dochs te organisearjen. Fanwegen corona is it net mooglik om it evenemint mei publyk te organisearjen. It KFPS wol hjir gjin ûnderskied meitsje tusken leden en net-leden. Mooglik wurdt der in útsûndering makke foar de fokkers en eigeners. Mar allinnich as de fergunning dit talit.

Keuring te folgjen fia Omrop Fryslân

Leafhawwers fan de keuring hoege dochs neat te missen. De hiele keuring is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op ynternet en telefyzje. Oant no ta wie allinnich de keuring op sneon te sjen. Dat wurdt no útwreide mei de keuring op de oare dagen, de finale fan de Friesian Talent Cup, de dressuerkompetysje foar jonge Fryske hynders en de Horses2Fly KFPS sportkompetysje.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn petear mei Marijke Akkerman fan de organisaasje
Peter Ourensma, direkteur fan it WTC Expo yn Ljouwert, is teloarsteld dat de hynstekeuring ferpleatst is. Hy begrypt de beslissing wol. "It foar ús gjin ferrassing dat dit no bart", fertelt Ourensma. "We ha altyd kontakt hân mei de organisaasje en we seagen dit oankommen. We begripe dit. Je kinne gjin keuring hâlde mei in protte minsken op 'e tribune yn dizze coronatiid. Der hoege no gjin tribunen te kommen en dan kin it prima op dy lokaasje yn Drachten." Foar de organisaasje skeelt dat ek yn hier en opbou.

WTC hat it dreech

"It is dreech foar it WTC op it stuit", fertelt Ourensma earlik. Der binne in protte eveneminten skrast en dus binne der gjin ynkomsten foar de hal. "We folgje de ûntwikkelingen. We hiene al betocht dat de keuring net trochgean soe."
It WTC makket op it stuit in protte gebrûk fan de stipe fan de oerheid. "We brûke dy mooglikheden maksimaal. De omset ferdampt en we sitte yn de heechste skaal foar stipe. Op koarte termyn kinne we ús rêde, mar op langere termyn wurdt it dreech. Krekt as takom jier."
Peter Ourensma, direkteur fan it WTC Expo
Hynstekeuring © Omrop Fryslân, Joris Kalma