Ljouwerter sikehûs MCL kiest as earste yn Nederlân foar duorsume ierdwaarmte

25 sep 2020 - 11:51

It Medisch Centrum Leeuwarden wol binnen tsien jier hielendal gjin gebrûk mear meitsje fan ierdgas. Yn stee dêrfan wol it sikehûs duorsume ierdwaarmte brûke. Dit soe de CO2-útstjit mei goed 50 prosint ferminderje moatte. It MCL soe dêrmei it earste sikehûs wêze dat oergiet op de duorsume ierdwaarmte. It projekt is in gearwurking tusken Ennatuurlijk, Bouwgroep Dijkstra Draisma, EBN en Shell.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Begjin 2021 moat der in waarmtewinput yn Ljouwert boarre wurde dy't test wurdt troch de gearwurkjende organisaasjes. As de test slagget, kin de oanlis en oansluting op it waarmtenet plakhawwe. Yn 2022 soe it MCL dan oerskeakelje kinne fan ierdgas op ierdwaarmte. De útstjit fan CO2 moat dêrmei bot weromrinne.

Takomstige duorsume enerzjyfoarsjenning

"Het afgelopen jaar is er veel onderzoek gedaan naar een aansluiting op het toekomstige warmtenet. Bedrijfszekerheid van de warmtelevering is voor het MCL een noodzakelijke voorwaarde", fertelt Andy van der Geest, de projektlieder by it Ljouwerter sikehûs. "De aansluiting op het warmtenet Leeuwarden is van toegevoegde waarde binnen de toekomstige duurzame energievoorziening van het MCL."

"Een unicum voor de zorg"

Peter Slot, ûntwikkelder Duurzame Warmte by Ennatuurlijk, is grutsk op de kar fan it MCL. "De aansluiting van het ziekenhuis op het warmtenet van Ennatuurlijk een unicum voor de zorg. Zo hopen we ook ziekenhuizen klaar te maken voor de energietransitie, in Leeuwarden en in de rest van Nederland", sa seit Slot.

(Advertinsje)
(Advertinsje)