Janny Vlietstra foardroegen as nije foarsitter It Fryske Gea

Janny Vlietstra fan Ljouwert is foardroegen as de nije foarsitter fan natuerbeskermingsorganisaasje It Fryske Gea.
© Omrop Fryslân
De 72-jierrige Vlietstra wie earder gemeenteriedslid en wethâlder yn Ljouwert en boargemaster fan ferskate gemeenten yn Grinslân en Drinte. Fan 2011 oant en mei 2015 en fan 2017 oant en mei 2019 wie se lid fan de Earste Keamer.
Vlietstra soe dêrmei de opfolger wurde fan Arjen van der Meer. It Fryske Gea nimt tiisdei in beslút oer de beneaming fan Vlietstra.