Liveblog | 25 septimber 2020

Coronanijs 25 septimber: Ofdielingen fersoargingshuzen yn isolaasje

Folgje hjir al it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 25 septimber 2020, 23:21
23:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan freed 25 septimber 2020 oer it coronafirus. Sneontemoarn binne wy der wer mei in nije liveblog. Dit wie it wichtichste nijs fan freed:
22:13

Gjin wedstriid en trainingen foar Ljouwerter alvetal FVC

De wedstriid fan it earste alvetal fan fuotbalklup FVC yn Ljouwert tsjin Noordster giet snein net troch. Om't ien fan de spilers fan FVC posityf test is op corona, hat it bestjoer besletten de wedstriid ôf te sizzen. Oant 30 septimber sil it earste alvetal ek net traine, sa is yn oerlis mei de GGD besletten.
© Google Streetview
21:25

Piet Fortuin fan CNV: "Grutte soargen oer Fryske ekonomy by twadde lockdown"

Foarsitter Piet Fortuin fan it fakbûn CNV makket him grutte soargen oer de Fryske ekonomy as der in twadde lockdown komt. Fortuin sei dat yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân. Ferneamde bedriuwen as Dalstra Reizen yn Surhústerfean en masinefabryk Van der Ploeg yn Ljouwert ha dizze wike it fallissemint oanfrege.
© Omrop Fryslân
19:33

Ek ôfdielingen fan Nieuw Mellens yn isolaasje

In meiwurker fan wensoarchsintrum Nieuw Mellens is posityf test op it coronafirus. Ek in bewenner hat klachten dy't mooglik wize op corona. De belutsen ôfdielingen binne yn elts gefal oant woansdei 7 oktober yn isolaasje. De bewenners meie oant dy dei gjin besite ûntfange.
18:25

Kurator fallite Dalstra Reizen posityf oer trochstart

Kurator Marco Kalmijn is posityf oer in mooglike trochstart fan ferfiersbedriuw Dalstra Reizen út Surhústerfean. It bedriuw waard ôfrûne wike fallyt ferklearre troch de rjochtbank, nei't it yn finanasjele problemen kaam troch de coronakrisis.
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
17:22

Undernimmers op It Amelân wolle aparte status foar Waadeilannen

Undernimmers op It Amelân meitsje harren soargen no't it tal coronabesmettingen yn Fryslân rap tanimt. Se binne bang dat se op 'e nij yn in lockdown komme troch de gefallen oan de fêste wâl, wylst der op de eilannen hast gjin corona is. Se wolle dat boargemaster Leo Pieter Stoel by Buma oantrunet op in status aparte foar de Waadeilannen.
As der foar Fryslân koade read ynsteld wurdt, sille de eilannen dêr in soad skea fan ûnderfine, seit Ondernemers Platform Ameland. De ûndernimmers sjogge dat it op Teksel al annulearringen reint no't in soad minsken net mear op fakânsje doare. It giet dêrby benammen om Dútske toeristen.