FIDEO: Ielfiskers wolle ôf fan fangstbeheining yn Iselmar: 'Der is genôch iel'

Sjaak Bakker en Bert Rotgans út Den Oever binne ielfiskers op de Iselmar. Se pachtsje in stikje wetter by de Ofslútdyk dêr't se harren fûken útsette meie. Hoewol't beide manlju alle dagen noch mei wille op de boat stappe, is it fak net mear wat it west hat. "Vroeger kon je vissen wat je wilde. Toen ging je, als de paling goed was, voor de paling. En als de garnalen goed waren, ging je op garnalen. Maar tegenwoordig heb je met allemaal regels te maken, dan is de lol er wel een beetje vanaf", leit Rotgans út.
Ielfiskers wolle ôf fan fangstbeheining yn Iselmar: 'Der is genôch iel'
De beide ielfiskers wolle graach mear en langer op iel fiskje as no tastien is. Neffens harren is de ielstân genôch ferbettere om de beheinings fan it Europeeske ielwerstelplan los te litten.
De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.