Kollum: "Ons koning en konigin in Vriesland"

25 sep 2020 - 08:40

"Foardat ik oan in kollum begjin, lês ik earst altyd efkes de stikjes fan myn kollegakollumnisten sadat it hooplik net oer itselde giet. Foar dizze wike woe ik graach eat skriuwe oer de besite fan de kening en keninginne en ús taal mar Nynke en ek Eelke wiene my foar. Dochs is myn ferhaal wol wat oars en dêrom bats ik der mar gewoan yn.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Sneontejûn ha ik in stikje oer Willem-Alexander en Maxima sjoen op Blauw Bloed. Under in doelleas zapmomint bleau ik hingjen omdat se yn Fryslân wiene. Mar ik waard der net hiel bliid fan want ik fyn dat dy minsken altyd mar ûnnoazele dingen dwaan moatte as se earne binne.

Dêrom sjoch ik ek noait mear nei de útstjoering fan Keningsdei want ik krij der plakferfangende skamte fan en dat hie ik no wer. Se gongen in skyteintsje te fytsen en Maxima hie muoite mei it fytserak. Doe mochten se ek noch in tsiis snije, by kealtsjes sjen en de kening hat it Fryske wurdsje 'dei' leard.

Letter betocht ik my dat it eins allegear dingen binne dy't ik sels wol aardich fûn hie om te dwaan. Tsiis snije fyn ik bêst leuk, fytse ek en kealtsjes sjen hielendal! De Fryske taal fyn ik ek prachtich dus doe frege ik my ôf oft it miskien troch de sitewaasje komt dat it sa opdien liket. Sa't Maxima ek op dy fyts siet! Mei sa'n grutte hoed, lange jurk, hege hakken en de boargemaster derneist sjochst hjir noait immen fytsen en sadree't der keninklike besite is, wurde de omstanners ek oars.

De hiele natuerlike gong fan saken is fuort en neffens my liket alles dêrtroch wat ûnbehelplik. As ús kening hjir gewoan stikem in eintsje fytse soe mei syn wiif, wylst se ûnderweis in stikje tsiis krigen en kealtsjes seagen sûnder dy poppekast der om hinne, dan hie it grif hiel oars west. Mar goed, se wiene dus ek op it Drachtster Lyceum by in Fryske les en de presintator sei dat de Fryske taal hiel wichtich is. De dosinte sei dat it net sa dreech wie om te learen, wylst de ûndertiteling it oer 'droog' hie.

Dat fûn ik al sa ûnnoazel mar ús taal is dus al hiel wichtich. Ut eigen ûnderfining wit ik dat it bêst wól dreech wêze kin om goed Frysk te skriuwen. Ik bin ek fonetysk begûn mar doe't it serieuzer waard, ha 'k in kursus by de Afûk dien. En nei al dy jierren wurdt myn wurk noch neisjoen dus ik bin noch lang net útleard!

It is in pracht dat in protte minsken hjoed-de-dei Frysk appe en skriuwe, ek al is it sa fonetysk as de pest. Mar it begjin is der, dus dat is prima. Wat my tsjinstiet is de hâlding fan lju dy't it Frysk profesjoneel brûke, mar dan likegoed noch net fan doel binne it goed te dwaan. Want we begripe sa ek wol wat se bedoele of se wolle der net mear muoite foar dwaan. Dan ha 'k it bygelyks oer teksten op T-shirts, songteksten of spreuken dy't net goed oersetten binne. Mar ek by de Fryske media giet it gauris mis.

Soks fertsjinnet ús taal net! Stel dat Blauw Bloed it folgjende skriuwe soe: Ons koning en konigin hebben kaaz gesnijd en kalftjes gezien toen se in Vriesland waren en Maxima kon de viets niet in het rek kreigen dan sizze we dochs ek net: 'Do begrypst it wol?' It hiele lân soe der skande fan prate wylst it yn it Frysk hieltyd faker bart.

Soks begryp ik net, dus sleauwe Friezen skerpje jimme op en lit ús taal net nei de kloaten gean."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)