Kompetysjewedstriid Harkemase Boys ôfsein fanwegen coronabesmetting

It kompetysjeduel tusken Harkemase Boys en ODIN'59 giet sneontemiddei net troch. By de tsjinstanner út Heemskerk is in coronabesmetting fêststeld. Twa spilers binne noch yn ôfwachting fan in útslach en noch ris trije spilers wachtsje noch op in test.
© www.orange-pictures.nl
De GGD hat de besykjende klup út Noard-Hollân advisearre net nei De Harkema ôf te reizgjen. De KNVB hat de wedstriid dêrom foarearst fan de kalinder helle.
It is al de tredde kear dat in wedstriid fan ODIN'59 net trochgean kin fanwegen in coronabesmetting. Earder waard in oefenduel mei Quick Boys ôfsein fanwegen in coronagefal by ODIN en ek it kompetysjeduel mei Sportlust '46 waard earder dizze moanne ôfsein. Doe gie it om in besmetting by Sportlust.