Comenius Esdoorn yn Ljouwert docht skoaldoarren wer iepen foar learlingen

25 sep 2020 - 07:22

De middelbere skoalle Comenius Esdoorn yn Ljouwert docht de doarren freed wer iepen foar de learlingen. De skoalle hie tongersdei noch de doarren ticht, neidat acht learkrêften thús bliuwe moasten mei klachten dy't oan corona relatearre waarden.

Comenius Esdoorn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

De testen fan de dosinten dy't oant no ta bekend binne, binne negatyf. "Mar fan ien bin ik noch net op de hichte, dus we ha hast in kompleet byld", seit Marinus Giesing, direkteur fan de skoalle.

Dat betsjut lykwols net dat it dosinteteam alwer op folsleine sterkte is. "Yn guon gefallen bestjut it wol dat dosinten noch hieltyd net nei skoalle komme kinne, om't se noch te ferkâlden binne of te folle klachten hawwe. Ien dosint jout bygelyks fan hús út les", seit Giesing.

Stúdzjedei

De skoalle hat de lesútfal opfongen troch in stúdzjedei foar dosinten, dy't eins yn jannewaris pland stie, nei foaren te heljen. Hjirtroch misse de learlingen úteinlik gjin lestiid. "Mar it is net de bedoeling dat we dit te faak dogge, want dy mooglikheden binne der net", sa seit Giesing.

Direkteur Marinus Giesing fan Comenius Esdoorn

(Advertinsje)
(Advertinsje)