Friezen wrakselje mei coronakrisis, mar sette troch oant it faksin

25 sep 2020 - 21:12

Friezen fine de coronakrisis noch hieltyd swier, mar kinne der wol better mei omgean as yn it begjin. Se kinne de maatregels ek noch wol folhâlde oant der in coronafaksin is. Dat docht bliken út ûndersyk fan Onderzoeksbureau Kien ûnder ynwenners fan de fjouwer noardlike provinsjes, yn opdracht fan Omrop Fryslân, RTV Oost, RTV Drenthe en RTV Noord.

Troch: Eva Meesterberends en Egbert Minnema

Hoewol't minsken noch hieltyd soargen hawwe oer jild en harren wurk, rint dit wol wat werom. Ek fine minder minsken it dreech om thús te bliuwen. En hoewol't noch hieltyd de helte oanjout de sosjale kontakten te missen, is dit ek minder as yn april. Doe gie it om sân op de tsien noarderlingen, no om fiif op de tsien.

Dat minsken de krisis noch hieltyd dreech fine, is ek de konklúzje fan Susanne Scheibe, psycholooch oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Sy hat op fersyk fan de omroppen sjoen nei de ûndersyksresultaten. "We zien dat de coronacrisis nog steeds een heel duidelijke negatieve impact heeft. De cijfers zijn minder negatief dan in april, maar er is nog steeds een verslechtering in welzijn als je de huidige beleving vergelijkt met de periode voor de crisis", sa seit se.

Trije dielnimmers fan it ûndersyk oer harren ûnderfiningen

Noarderlingen lykje de beheining fan harren frijheid troch de maatregels noch goed oan te kinnen. It ferlet fan bewegingsfrijheid wurdt ek minder sterk field as yn de begjinperioade. Psycholooch Scheibe hat dêr wol in ferklearring foar. "Mensen zijn de laatste tijd steeds meer in beweging. Ze zijn niet meer zo beperkt in de vrijetijdsbesteding als aan het begin. Ook hebben ze nieuwe dagelijkse routines opgebouwd. Dat maakt het makkelijker om de beperkingen vol te houden."

Ek dit is werom te sjen yn de enkête: 70 persint fan de minsken jout oan dat se de hjoeddeiske maatregels noch wol folhâlde kinne oant der in faksin is.

Shock

Neffens Scheibe binne minsken hieltyd mear wend oan de situaasje fan no. "Aan het begin van de crisis was alles natuurlijk nieuw en onzeker. Toen zag je dat mensen in een soort shock waren. Daarna volgt een fase van weerstand. Dan willen mensen terug naar de oude situatie."

Neffens har is dat wol faker sa as minsken swiere saken meimeitsje. "Uiteindelijk kom je in de acceptatiemodus. Je bent aan de situatie gewend. De beperkingen zijn bovendien minder streng dan in april, wat maakt dat het makkelijker vol te houden is."

Goed holpen

Dochs hat dat allegear gjin negative ynfloed op it fertrouwen dat minsken hjir hawwe yn de sûnenssoarch, sa blykt út de peiling. Goed 84 persint fan de dielnimmers út Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel jout oan dat se ferwachtsje dat de soarch harren goed helpe kin by coronaklachten. En dat wylst de diskusje oer it testbelied de ôfrûne tiid bot nei boppen kaam.

Der falt ek noch wat oars op. Sûnt de coronakrisis meitsje wy ús minder soargen om oaren. Of, sa't Scheibe it neamt, "we zijn selectiever geworden in over wie we ons zorgen maken". It part fan de minsken dat him soargen makket om âlden en pakes en beppes is lykbleaun. mar minsken meitsje har yn ferhâlding minder soargen oer harren partner, bern, freonen en kollega's.

Susanne Scheibe, heechleraar oan de Ryksuniversiteit Grins

Trefwurden: 
ûndersyk coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)