Hûnderten Fryske hierders krije betellingsregeling troch coronakrisis

25 sep 2020 - 06:28

Hûnderten hierders yn Fryslân hawwe de ôfrûne moannen in betellingsregeling ôfpraat mei harren ferhierders oer de hier. Dat docht bliken út ynformaasje dy't Omrop Fryslân opfrege hat by trettjin wenningkorporaasjes yn ús provinsje.

Foto: Pixabay

It giet yn totaal om 425 hierders, wêrby't der ôfspraken makke binne oer bygelyks betellingsachterstannen. Yn de measte gefallen giet it om zzp'ers, útstjoerkrêften en minsken mei in nuloerekontrakt. Sy binne it minst wis fan harren ynkommen en troch de lockdown kamen sy it rapst yn 'e problemen.

Net by alle wenningbouferieningen komt it probleem foar. Sa fertelt Peter Ernst, foarsitter fan PSBV Wonen, dat der by syn feriening gjin inkeld gefal bekend is. Syn hierders binne benammen âldere minsken dy't AOW krije. De coronakrisis hat gjin ynfloed op harren útkearing of pensjoen lykas zzp'ers. Ernst: "Direct in het begin van de lockdown kreeg ik meteen drie of vier aanvragen voor een betalingsregeling. Maar daar is nooit een vervolg aan gegeven."

Redakteur Eva Meesterberends oer de Fryske wenningkorporaasjes

By Accolade binne 137 gefallen bekend. Op 16.000 hierders, falt dat neffens Accolade wat ta. "Wij waren er om eerlijk te zijn wel van uitgegaan dat het probleem groter zou zijn. Ik vind het daarom ook fijn dat we vanaf het begin al hebben kunnen aangeven dat we mensen kunnen helpen en dat we die groep klein hebben kunnen houden", seit Irene Willems.

De coronakrisis is lykwols noch net oan it ein en dus kin de groep hierders dy't yn de problemen sit noch wol grutter wurde. Dat witte se ek by Accolade. "Dan wordt het lastiger. Maar we hebben ook de afspraak gemaakt dat we dan gaan kijken wat de ontwikkelingen zijn. Hoe kunnen we met onze samenwerkingspartners zoals de gemeente, die zijn een hele belangrijke partij hierin, kijken naar goede oplossingen. We houden er zeker rekening mee dat het kan veranderen, maar in deze crisis is het heel lastig vooruit kijken", sa seit Willems.

Hierkommisje

As minsken troch de coronakrisis de hier fan harren wente net mear betelje kinne en der gjin ôfspraken makke wurde kinne mei de ferhierder, dan kinne hierders altyd noch in berop dwaan op de 'Huurcommissie'. Sy hâlde foar it ministearje fan Ynlânske Saken by oft ferhierders wol maatwurk leverje oan hierders dy't troch de coronakrisis yn de swierrichheden komme.

Irene Willems fan Accolade

(Advertinsje)
(Advertinsje)