Basisskoalle yn Snits ticht: learkrêft besmet mei coronafirus

24 sep 2020 - 21:40

In basisskoalle yn Snits hâldt de doarren freed ticht fanwegen in positive besmetting mei it coronafirus. It giet om cbs De Vuurvlinder. Der sitte sa'n 400 learlingen op dy skoalle.

Foto: Google Streetview

Ien learkrêft is besmet mei it firus. Neffens direkteur Joop Fortuin fan skoalkoepel Palludara is besletten de skoalle te sluten nei oerlis mei de GGD. It giet om in foarsoarchsmaatregel, sa seit er. De skoalle hat de âlden fan de learlingen op 'e hichte steld.

"It is natuerlik nea plezierich as de bern in dei ûnderwiis misse moatte. Yn dy sin is it altyd hiel ferfelend, benammen foar de âlden, de bern sels, en de meiwurkers. Mar it wie wol logysk om dit op dit stuit sa te besluten", sa seit Fortuin.

By de middelbere skoalle Comenius Esdoorn yn Ljouwert hiene de learlingen tongersdei al fan needs in learfrije dei.

Joop Fortuin fan skoalkoepel Palludara

(Advertinsje)
(Advertinsje)