Operaasje Fryske Flagge: Tjitske van Lievenoogen wol werom nei Fryslân

24 sep 2020 - 21:23

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân de Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike prate wy mei Tjitske van Lievenoogen. Se wennet net iens sa fier fuort.

Foto: Tjitske van Lievenoogen

Tjitske wennet op dit stuit op 'e Veluwe, yn Nunspeet. Dêrfoar hat se op in hiel soad plakken in húske hân. "Earst ha ik mei myn eks in skoft yn Stjinwyk wenne. Mar dat gie út, en doe bin ik yn Oldebroek bedarre. En dêrnei bin ik rjochting Nunspeet gien. Dêr wenje ik no tsien jier."

Mar yntusken, nei al dy jierren om utens, kribelet it dochs wol wer om werom te gean nei ús provinsje. "Ik haw in âlde kunde troffen, in jier as acht ferlyn. Dat klikte hiel goed, en no bin ik wykeins wer in soad yn Warkum te finen. Dan lûkt it dochs wol in bytsje om werom te gean."

Betonmikser

Tjitske wol stadichoan werom nei Fryslân, mar dêrfoar is wol ien betingst: wurk. "Ik sykje noch in baan yn 'e buert. Ik haw de ôfrûne jierren skoften op 'e betonmjukser sitten, dus wat yn dy rjochting."

Hoe moai har oare wenplekken ek wiene, Fryslân lûkt altyd. "Hjir yn Nunspeet is it ek prachtich, ticht by it wetter, de bosk en de heide. Om it plak hoech ik hjir net fuort."

Operaasje Fryske Flagge: Tjitske van Lievenoogen

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Hast 150 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(advertinsje)
(advertinsje)