Swimbad yn Boalsert noch iepen oant 1 july takom jier: útstel fan eksekúsje?

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat tongersdei dochs net besletten om it swimbad fan Boalsert te sluten. It kolleezje woe op it Boalserter swimbad besunigje en slute mei yngong fan jannewaris, mar yn de gemeenteried gie de diskusje foaral oer twa amendeminten foar it iepen hâlden fan it swimbad. De koälysjepartijen CDA, D66, GrienLinks en VVD kamen tongersdeitemiddei mei in foarstel om it swimbad yn alle gefallen oant 1 july takom jier iepen te hâlden.
Swimbad yn Boalsert noch iepen oant 1 july takom jier: útstel fan eksekúsje?
Earder op 'e jûn waarden de riedsleden fan de gemeente opwachte troch in Boalserter delegaasje foar it Snitser bestjoerssintrum. Foar de 'demonstranten' wie it sluten fan it swimbad sa'n ûnbegryplik foarstel, dat se elke mooglikheid om te protestearjen oangrypten. In definitive rêding foar it swimbad is it fansels net wurden, mar yn de eagen fan Tineke Breeuwsma fan Stichting Ons Zwembad is 'alles better as in ticht swimbad'. "We binne hiel bliid dat we mear tiid krigen hawwe", seit sy deroer.
Ferslachjouwer Onno Falkena foar de doar fan it bestjoerssintrum yn Snits
Tineke Breeuwsma, wurdfierder fan Stichting Ons Zwembad
PvdA, FNP, Gemeentebelangen en fraksje De Wind kamen earder al mei in foarstel om it swimbad yn alle gefallen oant 2022 iepen te hâlden. It doel fan beide amendeminten is om organisaasjes, aksjegroepen en ûndernimmers yn Boalsert de kâns te jaan om de takomstplannen fan swimbad Vitaloo better út te wurkjen. Oer de twa foarstellen waard drok hottefile yn de gemeenteried. Neffens riedslid Marianne Poelman (PvdA) komt it foarstel fan de koälysjepartijen del op 'uitstel van executie', omdat de koälysjepartijen net ree binne om ekstra jild foar it swimbad te reservearjen.

Mear tiid

"Als je er geen extra geld bij legt, dan wordt dat plan natuurlijk niks. Een zwembad kost nu eenmaal geld", sei riedslid Klaas Jan Semplonius. PvdA en FNP - stipe troch ferskate oare partijen - wolle mear tiid, sadat der in nije oanbesteging foar it swimbad dien wurde kin. Semplonius wiisde der fierder op dat it Boalserter swimbad goedkeaper is as dat fan Snits en Warkum. "Als je wilt bezuinigen, kun je beter het duurste zwembad sluiten."
"Tink yn kânsen en yn nije techniken en brûk de kommende njoggen moannen goed", sei riedslid Pieter Greidanus út namme fan it CDA. No al ekstra jild tasizze like de kristendemokraat net nedich. "It is noch lang net Sinteklaas. We moatte de minsken yn Boalsert ek sels de kâns en de romte jaan om mei konkrete plannen te kommen."
Dizze Boalserters wolle har swimbad net heal kwyt © Omrop Fryslân
Neffens riedslid Rinske Poiesz-Zijlstra leit der in 'uitstekend businessplan' foar in trochstart fan it Boalserter swimbad. "Wij willen heel graag Bolsward aan zet hebben", sei Marieke Vellinga út namme fan D66. Foar it tasizzen fan in hegere gemeentlike bydrage fynt sy it noch te betiid. "Ik wil eerst graag zien waar Bolsward mee komt." "Er is ontiegelijk veel gebeurd in Bolsward. Ik wil graag zien dat dat zwart-op-wit komt", seit riedslid Lianne van der Wal fan de VVD. "Boalsert hat dúdlikheid nedich", seit riedslid Jikkie Ruiter fan de FNP. "Mei it amendemint fan de koälysje hingje we wer it swurd fan Damocles boppe it swimbad."
It amendemint fan PvdA, FNP, Gemeentebelangen en fraksje De Wind waard by eintsjebeslút ôfstimd mei 18 stimmen foar en 19 tsjin. It twadde amendemint fan koälysjepartijen CDA, D66, GrienLinks en VVD waard oannommen mei 20 stimmen foar en 17 tsjin. Dat betsjut dat it Boalserter swimbad yn alle gefallen oant 1 july 2021 iepen bliuwe kin.
Riedslid Pieter Greidanus (CDA)
Riedslid Harmen de Wind (Fractie De Wind)
De riedsfergadering fan Súdwest-Fryslân wie fanwegen de coronaregels net tagonklik foar publyk en sjoernalisten. Fanwege de beheinde romte yn it bestjoerssintrum fan de gemeente yn Snits is dêr no gjin romte foar, neffens boargemaster Jannewietske de Vries.