Nannewiid: mear blabze as wetter, rekreaasje suver net mear mooglik

24 sep 2020 - 16:36

It is in daaldersk plakje dat al jierren oan it fertutearzjen is: it Nannewiid by Aldehaske. It wurdt dêr hieltyd ûndjipper en der komme ek mear wetterplanten. De bewenners, de gemeente en Steatsboskbehear wolle aksje en organisearje tongersdei in ynformaasjegearkomste yn Aldehaske. Op de aginda stiet de takomst fan it gebiet.

Problematyk Nannewiid

It Nannewiid is in mar by Aldehaske. Jierrenlang kamen der minsken út dy regio om te swimmen of te farren. Rekreaasje is ek ien fan de bestimmingsplannen. De mar fermodderet lykwols sa bot, dat it wetter te leech stiet om op of yn te rekreëarjen. Op inkelde plakken stiet noch mar 9 sintimeter wetter.

Lyts laachje wetter mei dêrûnder grutte laach blabze

"Kijk, dat zie je hier heel goed," seit omwenner Roel van den Beuken. Hy wennet yn Aldehaske en hâldt him bot dwaande mei de takomst fan de mar. Mei in grutte stôk lit er sjen hoe'n grutte laach blabze oft der yn de mar leit. De stôk rekket op 20 sintimeter de blaumodder, mar kin ta in meter ta de grûn yn: 80 sintimeter oan modder dus.

Straks is al het water weg en kunnen we hier lopen.

Roel van der Beuken

"Er is dus te weinig water om te zwemmen of te surfen," seit Van Den Beuken wylst er de stôk mei blaumodder en al út it wetter hellet. "Het vervelende is dat het elk jaar slechter wordt. Straks is al het water weg en kunnen we hier lopen. Dat willen we niet."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Njonken de blaumodder sitte der ek in protte planten yn it wetter. Dat fart net noflik. De oplossing foar it probleem liket maklik, mar is dat net. Gewoanwei soe de modder en de planten fuorthelle wurde kinne, mar no spilet mei dat it Nannewiid in dûbeld bestimmingsplan hat.

Tagelyk ek natuergebiet

Neist rekreaasje, is it ek in natuergebiet dat ûnder Steatsboskbehear falt. Sy binne fan doel om sa min mooglik oan it gebiet te dwaan en de natuer gewurde te litten.

Planten meitsje dat wetterkwaliteit heech is

"We willen wel baggeren, maar dan heb je gelijk weer dat er iets ligt," seit Henk Jan van der Veen fan Steatsboskbehear. "Dat schiet niet op. Dit is in feite het succes van de natuur. Die planten zeggen veel over de kwaliteit van het water hier. Die is echt hoog. Wat de natuur al eeuwenlang doet, is hier weer op gang gekomen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie by de mar It Nannewiid

De tsjinstelde belangen binne dúdlik, mar dochs komme beide partijen hieltyd tichter byinoar. Tongersdeitejûn sille se om tafel om de takomst fan it Nannewiid te bepraten. De balâns tusken natuer en rekreaasje moat wer goed wurde. Provinsje en gemeente hawwe sels al jild beskikber steld om dit doel te berikken.

Mar wat moat der dan mei it plak barre? "Dat gaan we vanavond uitzoeken," seit Van Den Beuken. "We weten dat er veel partijen betrokken zijn bij het Nannewiid, van restaurants tot de provincie aan toe. We hopen die allemaal bij elkaar te brengen en dan met een goed en gedegen plan te komen voor een oplossing."

"Swimbroek kin oer fiif jier út de kast"

De petearen gean dus los, mar dêrmei is noch net dúdlik hoelang't it duorje sil foardat it Nannewiid in goed plan hat. "Ik heb echt geen idee, maar ik ga ervan uit dat ik over vijf jaar met mijn zwembroekje hier het water in kan," seit Van Den Beuken mei in grutte knypeach.

Ferslachjouwerr Onno Falkena praat mei reedrydtrainer Henk Gemser dy't by it Nannewiid wennet

Ferslachjouwer Onno Falkena: kanoë is hast net mear mooglik fanwege de wetterplanten

(Advertinsje)
(Advertinsje)