Mei scootmobyl en fyts Onbeperkte Elfstedentocht: "It libben wurdt wol iensum"

24 sep 2020 - 15:49

Hy op de scootmobyl en sy op de fyts: sa lizze Hielke en Grietje van der Meulen tongersdei 24 kilometer ôf yn de Onbeperkte Elfstedentocht. Omrop Fryslân folget de hiele wike dielnimmers fan de tocht dy't is foar minsken mei in beheining dy't gewoanwei oan de kant stean.

Foto: Omrop Fryslân

De rûte is foar Hielke en Grietje net ûnbekend. "Wy rieden yn it ferline altyd op de motor de alvestêdetocht. Ik tink wol 35 jier, as it net langer is", seit Grietje. Mar no sjocht it libben der foar harren hiel oars út. Fiif jier lyn, yn 2015, krige Hielke in harsensynfarkt. Hy kin no net mear goed prate en sit yn in rolstoel.

"It libben wurdt wol iensum. Hielke koe net mear wurkje. Hy wie al 44 jier frachtweinsjauffeur, mar is no ynfalide. Minsken begjinne net sa gau in praatsje mei him. Je moatte stadich tsjin him prate."

Foto: Omrop Fryslân

Grietje fertelt dat der eins mar in lyts bytsje is watst yn in rolstoel dwaan kinst. Eveneminten lykas dizze binne der eins net. "Dêrom woene wy hjir ek graach oan meidwaan. No kinne wy echt even earne nei útsjen."

Tongersdei is de iennige etappe dy't Hielke en Grietje ôflizze sille, om't it wol in soad fan harren freget. "Ik tink dat wy moarn wol in rêstdei hawwe moatte. Mar dat hinderet niks, dat hawwe wy der wol foar oer."

Grietje van der Meulen

De Onbeperkte Elfstedentocht wurdt hâlden fan 23 oant en mei 27 septimber. De organisaasje is yn hannen fan Sandy Krijnen út Koarnwert. Se hat MS en sadwaande kin se net mei har man meidwaan oan de Fytsalvestêdetocht. Dat moat oars, tocht se, en se naam it inisjatyf foar de 'Onbeperkte Elfstedentocht'. In evenemint foar minsken mei in beheining dy't altyd oan de kant stean, en no de gelegenheid krije om sels yn de skynwerpers te stean.

(advertinsje)
(advertinsje)