Fisktelling yn Fryske beken: "Snoek is ambassadeur van schoon water"

24 sep 2020 - 15:32

Wetterskip Fryslân is wer dwaande mei de jierlikse fisktelling. Dat dogge se om te sjen hoe't it stiet mei de fiskstân yn it tal wetters dat sy yn har behear hawwe. Dêroan kinne je dan wer sjen hoe't it giet mei de wetterkwaliteit yn ús provinsje.

Fisktelling

Dit jier wurdt in part fan it ûndersyk útfierd yn De Linde, by Wolvegea. Jan Roelsma fan Wetterskip Fryslân leit út wêrom't der keazen is foar dizze beek.

"We doen continu onderzoek naar de waterkwaliteit met deze vistelling. Elke zes jaar ongeveer komen we bij de verschillende typen water. Vandaag is De Linde aan de beurt, en dat is een beek. Dus elke zes jaar kijken we hoe de beken ervoor staan. De Tjonger en het Lauwersdiep zijn andere voorbeelden van beeksystemen in Fryslân. Op die manier kun je door de tijd heen een mooie ontwikkeling zien van de waterkwaliteit."

Jan Roelsma fan Wetterskip Fryslân oer de fisktelling

It ûndersyk wurdt útfierd troch trije manlju yn in boatsje. Ien fan harren is beropsfisker, de twadde wurket by it wetterskip en de tredde is ûndersiker by in ekologysk advysburo. Dy lêste is Stefan Oskam, dy't fertelt hoe't se de fisk fange.

"We maken gebruik van een sleepnet van zo'n 75 meter. Die wordt in het rond uitgevaren, en dan als een soort druppel binnengehaald. Dat proces herhalen we twee keer op een traject van zo'n 300 meter. Op die manier zien we wat er hier in het open water aan vissen zit."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Wylst de kollega's de fisken út it net helje, hâlde se dy by in liniaal. Oskam fiert fan elke fisk de namme en de lingte yn op syn tablet. "Zo kan ik alle resultaten meteen doorsturen naar kantoor, en kunnen ze daar vandaag alle gegevens invoeren in onze database."

Ein 2020 earste resultaten

Roelsma stiet yntusken mei te sjen nei de fisken dy't út De Linde helle binne, "Wat ik hier in deze beek hoop te vinden, zijn vissen die van stromend water houden. Denk bijvoorbeeld aan voorntjes, bermpjes of snoek. Een snoek moet het hebben van zijn zicht, die profiteert ervan als de waterkwaliteit goed is. Een snoek is echt een ambassadeur van schoon water. De afgelopen jaren hebben we maatregelen genomen om vissen die van stromend water houden te plezieren. Dus ik hoop dat uit de telling blijkt dat dat gelukt is."

Oan de ein fan 2020 tinkt it wetterskip in earste analyze meitsje te kinnen mei de útkomsten fan de fisktelling fan dit jier. Om wat sizze te kinnen oer de algemiene wetterkwaliteit yn Fryslân, wurdt sjoen nei in perioade fan trije jier.

Undersiker Stefan Oskam oer de fisktelling

(Advertinsje)
(Advertinsje)