Fertochte fan oanslach op Koerdyske aktivist Ljouwert yn hongerstaking

De 38-jierrige fertochte Rezgar P. dy't fertocht wurdt fan it delstekken fan de Koerdyske aktivist Sadegh Sarza foar it NS-stasjon yn Ljouwert is yn hongerstaking gien. Dat waard tongersdei bekend by de earste pro-formasitting yn de saak.
© Kappers Media
De reden fan de hongerstaking is dat de fertochte út Rotterdam de rjochtbank net fertrout. Hy siet earst yn de EBI yn Vught, mar waard mei syn hongerstaking oerbrocht nei it finzenissikehûs yn Skeveningen. Hy sei tongersdei op de sitting dat se him yn Vught fergif jûn hiene.
De fertochte soe in psychyske steurnis hawwe. De rjochter-kommissaris op de pro-formasitting bepaalde dat de man foar ûndersyk nei it Pieter Baan Sintrum moat.

Filmkes

It ûndersyk is noch hieltyd yn folle gong. Sa moatte meardere famyljeleden fan de fertochte noch heard wurde. Fierders sil de plysje filmkes besjen fan de stekkerij dy't plakfûn op it stasjonsplein yn Ljouwert.
It foararrest fan de fertochte is ferlinge, om't de rjochtbank seit dat der noch hieltyd sprake is fan in skokte rjochtsoarder.

Bekentnis

Slachtoffer Sadegh Sarza en syn famylje wolle hawwe dat it Iraanske regear achter de oanslach sit. It Iepenbier Ministearje seit dat dêr gjin oanwizing foar binne. De fertochte hat bekend. Hy hat de Koerdyske aktivist meardere kearen mei in mes yn it boppelichem stutsen, omdat dy de dea fan fjouwer fan syn freonen op syn gewisse hawwe soe.