Eaststellingwerf kriget fjirde wethâlder, ried nimt advys Hayo Apotheker oer

24 sep 2020 - 12:03

In fjirde wethâlder moat de gemeente Eaststellingwerf wer bestjoerber meitsje. Dy oplossing waard woansdeitejûn unanym oannaam troch de ried. Troch fersplintering is der gjin mearderheid mear foar dit kolleezje en dêrtroch waarden besluten útsteld. Unôfhinklik adviseur âld-boargemaster Hayo Apotheker hat op fersyk fan de gemeente ûndersocht hoe't it better kin.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De ûnderlinge ferhâldings kinne better, seit Apotheker. "Tusken de fraksjes, mar ek yn de fraksjes sels en yn de gearwurking mei it kolleezje. De ried fynt faak dat in útstel fan it kolleezje te folle yn detail útwurke is en gjin romte lit foar oare mienings. En it kolleezje tinkt: 'Jonges, efkes trochsette. Net sa eamelje.' Koartsein: der is wat gewraksel."

Hayo Apotheker fynt dat in fjirde wethâlder krúsjaal is: "Dat is de sleutel om it oare ek oplosse te kinnen: bettere ferhâldings, mear wurkje, mear sessys, gjin kant-en-kleare einfoarstellen, mar mear iepen dialogen."

In nije start mei in ekstra wethâlder sil helpe de problemen op te lossen. "Fan in mearderheid dy't no noch in minderheid is. En der komt in bettere gearwurking en kommunikaasje tusken it kolleezje en de gemeenteried."

Apotheker advisearret de polityk yn de gemeente in aginda op te stellen fan wat se dwaan kinne yn de oardel jier dat se noch yn funksje binne.

Adviseur Hayo Apotheker - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Hayo Apotheker

Sierd van Weperen fan de grutste opposysjepartij de VVD omskriuwt it probleem: de acht riedsleden jouwe gjin rêchdekking mear oan it kolleezje, want fiif binne opstapt út de koälysje. It kolleezje kriget gjin goede advizen fan de ried en it 'swimt' dêrom.

Politike antenne

It trijepersoanskolleezje hat, neffens Van Weperen, te min politike antenne. In fjirde wethâlder kin derfoar soargje dat de politike antenne wer ûntfange kin. "Ze zijn wel goed in het zenden, maar ze ontvangen veel te weinig signalen van wat onze inwoners willen."

"Vreemde ogen dwingen"

Oer de mooglikheid fan in fjirde wethâlder is yn augustus ek al ris stimd. De VVD wie ien fan de yntsjinners. Doe wie dêr gjin mearderheid foar en waard besluten in ûnôfhinklik adviseur in analyze dwaan te litten. Dat waard âld-boargemaster Apotheker en hy kaam mei itselde advys. "Vreemde ogen dwingen", seit Van Weperen.

Oer syn foarkar foar de politike kleur fan de nije wethâlder wol Van Weperen him noch net útlitte. It moat ien wêze mei in soad politike ûnderfining "die het onbehagen in de raad kan wegnemen."

Sierd van Weperen

(Advertinsje)
(Advertinsje)