Famylje Van Hall oer harren stilberne soan: "Hij hoort er echt bij"

24 sep 2020 - 11:45

Hast 45 jier lyn krigen Wout en Inge van Hall út Aldegea (Smellingerlân) in stilberne berntsje. It wie harren soan dy't libbenleas op de wrâld kaam. Yn harren syktocht nei bewysstikken fan de berte, om it berntsje registrearje te litten, kamen se in monumint tsjin foar stilberne bern. "Toen dachten wij, zo'n monument moet ook in Oudega komen".

Hast in heale iuw lyn befoel Inge van Hall fan in stilberne poppe yn in katolyk sikehûs yn Veghel. "Het kindje werd geboren en ik heb hem niet eens gezien, hij werd meteen bij me weggehaald", fertelt Inge. It wiene oare tiden, omskriuwt se.

"Na de bevalling werd ik naar een kamer gebracht. Je moest toen nog weken in het ziekenhuis blijven. Ik kwam op een kamer naast een vrouw te liggen die net was bevallen van een tweeling." Dêr hie Inge it wol efkes dreech mei. Se hie har eigen berntsje net sjoen en wist ek net oft it in jonkje of famke wurden wie. "Later heb ik dat gevraagd, het was een jongetje."

Wout van Hall krige it jonkje mei en moast it begrave. "Samen met een begrafenisondernemer heb ik het begraven. In een klein, grijs doosje", fertelt er. "We waren maar met z'n tweeën. Verder was er niemand."

Famylje Van Hall oer harren stilberne soan

De famylje krige ek twa dochters. It jonkje hie de middelste west. De reaksjes op it stilberne berntsje wiene eartiids net myld. "Mensen zeiden tegen me dat ik niet moest zeuren, want ik had er toch al één". De famylje prate der thús ek net folle oer, mar dat feroare doe't it yn 2019 mooglik waard om je deaberne berntsje te registrearjen. "Dat wilden we doen", seit Wout. "Maar we hadden daarvoor wel bewijs nodig dat het kindje bestond."

It sikehûs hie de papieren net mear, mar der hie wol ien by de begraffenis west. "We wisten van niets, maar het geluk deed zich voor dat de begrafenisondernemer het kindje had gemeld bij de gemeente als levenloos. Dat was ons enige bewijsstuk, het kindje had zelfs geen naam."

De famylje hie it jonkje sels wol in namme jûn en ha dy ferline jier registrearje litten. Dêrmei is der foar de famylje wol wat feroare. "Als men aan mij vroeg hoeveel kinderen ik heb, dan zei ik altijd twee. Als men dat nu aan me vraagt, dan zeg ik dat ik drie kinderen heb", seit Wout.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Foar de registraasje moast de famylje Van Hall nei it gemeentehûs yn Veghel. Doe ha se ek in besite brocht oan it tsjerkhôf dêr't harren soantsje begroeven is. "We kwamen daar een monument tegen voor stilgeboren kinderen en dachten toen: dat moet er ook in Oudega komen."

It idee leine se foar by de gemeente fan de Sint-Agathatsjerke. Sy hawwe keunstner Roelie Woudwijk frege om it monumint te meitsjen. Op 3 oktober wurdt der in betinkstien ûntbleate foar stilberne bern.

(Advertinsje)
(Advertinsje)