Hoe stimulearje wurkjouwers harren thúswurkers om de fyts te pakken?

24 sep 2020 - 11:14

De fytsen wiene dit jier net oan te slepen. Sûnt it útbrekken fan it coronafirus pakten hieltyd mear minsken de fyts. Tongersdei is it foar de 14e kear de Fiets naar je Werk Dag en gewoanwei brûke wurkjouwers dizze dei om harren meiwurkers te stimulearjen op de fyts nei it wurk te kommen. Mar dit jier sitte sy mei in dilemma.

Foto: Shutterstock.com (Glitterstudio)

Fan alle Nederlanners, fytse Friezen en Grinslanners it minst faak nei harren wurk. Mar sa'n 4 prosint fan alle Fryske wurknimmers seit op de fyts te stappen. Minsken wurkje yn coronatiid fansels faker thús, mar dejingen dy't wol bûtenshûs wurkje, fytse faker sûnt it firus.

De Fiets naar je Werk Dag waard foargeande jierren holden om minsken mear oan it fytsen te krijen, mar om't wurknimmers no faker thúswurkje, wurdt de dei dit jier oars ynfolle.

'Thuisfietsrondje'

In nij ûnderdiel is it 'thuisfietsrondje', sa fertelt Ellen Walet fan de NFP groep op It Hearrenfean, de organisator fan it evenemint. "Naar het werk fietsen gaat nu niet, dus hebben wij gekozen voor een thuisrondje. Dan kun je toch meedoen."

Symboalyske ôfstân

Yn stee fan moarns nei it wurk te fytsen, kinne minsken dy't thúswurkje tongersdei dochs meidwaan oan it evenemint troch sels in rûntsje te fytsen. Walet stelt foar om dan deselde ôfstan as dy fan hûs nei it wurk te fytsen. "Het kan symbolisch zijn, dat je vandaag de afstand fietst die je anders naar je werk fietst, maar dat valt natuurlijk niet te controleren."

Oant 14 oere kinne minsken harren op de website fan de NFP noch ynskriuwe om mei te dwaan.

Ellen Walet fan de NFP-groep op It Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)