Learlingen Comenius Esdoorn yn Ljouwert thús troch sykte by acht dosinten

24 sep 2020 - 10:33

By de middelbere skoalle Comenius Esdoorn yn Ljouwert ha de learlingen tongersdei fan needs in learfrije dei. De skoalle hat te krijen mei sykte ûnder de dosinten en acht leararen moatte tongersdei thúsbliuwe. Fiif fan harren ha mylde ferkâldheidsklachten en trije leararen sitte yn karantêne om't sy yn in kontaktûndersyk nei foaren kaam binne.

Learlingen Comenius Esdoorn thús, sykte by dosinten

De ôfmeldingen ha der by de skoalle foar soarge dat de bern gjin les krije kinne. Dêrom is der in stúdzjedei foar de dosinten ynpland. Ek de leararen dy't thússitte, kinne online dizze stúdzjedei folgje. De learlingen hawwe opdracht krigen om mei it eigen húswurk oan de gong te gean. "As it dizze oantallen binne, dan kinne je dat net mear opfange", seit direkteur Marinus Giesing fan Comenius Esdoorn.

Foarrangsproseduere

Dat de acht dosinten no allegear tagelyk thússitte, hat foar in part te meitsjen mei de foarrangsproseduere by it testen op corona. In oantal fan de dosinten hie einliks moandei al test wurde moatten, mar troch de lange wachttiid by de foarrangsproseduere koene sy pas woansdei test wurde. Se wachtsje noch op de útslach en meie dêrom noch net wer oan it wurk.

Giesing wol net feroardieljend wêze nei de GGD ta. "Dêr docht men ek echt syn bêst. Der is nochal gebrûk makke fan dizze proseduere en alles hat natuerlik in grins. Dus dat moatte we ek snappe."

Alle acht dosinten binne de ôfrûne wike test en de skoalle hopet dat sy tongersdei allegear de útslach krije. Giesing ferwachtet dat de learlingen freed wer gewoan nei skoalle kinne.

Ferslachjouwer Jantine Stoffers praat mei direkteur Marinus Giesing fan Comenius Esdoorn

Comenius Esdoorn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
(Advertinsje)
(Advertinsje)