Boargemaster Veenstra hat noed oer buorregio Flevolân as corona-risikogebiet

24 sep 2020 - 09:18

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren makket him soargen oer it oprinnende oantal coronabesmettingen en de gefolgen dêrfan foar syn gemeente. Nochris acht Veiligheidsregio's wurde dizze wike risikonivo 2, sa makke premier Mark Rutte woansdei bekend yn de Twadde Keamer. Twa fan dy regio's binne Grinslân en Flevolân. En krekt dy lêste provinsje komt foar boargemaster Veenstra wol hiel tichteby.

It sintrum fan De Lemmer yn 2019 - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Je sjogge dat it coronafirus de lêste wiken wer enoarm om him hinne grypt", seit Veenstra. "Dat sjogge we ek yn de sifers yn de eigen gemeente, en ik tink yn de hiele provinsje. Wat minder dramatysk as yn it westen fan it lân, mar it is natuerlik wol wer in alarmbel dy't rinkeljen giet."

Neffens de boargemaster moat elkenien goed wach wêze en him oan de regels hâlde. "De Fryske Marren grinzet oan Flevolân. Fan Rutten nei De Lemmer is mar in hiel lyts eintsje. Dus dat is mar wer in ekstra sinjaal dat it ek samar hjir wer sa wêze kin en dat we dus mei elkoar soargje moatte dat we dat firus yndamje."

Veenstra siet ôfrûne freed yn it Omrop Fryslân-telefyzjeprogramma It Polytburo en dêr sei hy dat hy hope dat it oprinnende tal besmettingen en de maatregels harren beheine soene ta de seis regio's yn it Westen. Mar dêr komme no dus wer acht by.

Boargemaster Fred Veenstra fan gemeente De Fryske Marren

(Advertinsje)
(Advertinsje)