Kollum: "Pakkâns"

24 sep 2020 - 08:29

"Ik ried op de sneldyk, op in stik mei twa banen yn elke rjochting. Ik ried links, mei de maksimumsnelheid, dus 100. Nee, efkes earlik, ik siet dêr sân kilometer yn 'e oere boppe. Ik helle yn en efter my ried in lyts swart autoke, dat noch hurder woe.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Dy kâns krige it swarte autoke pas nei in minút as trije, doe't ik even yn in gat op de rjochterbaan dûkte. It swarte autoke spuite foarby, en dêr gie de middelfinger nei my omheech. Why? Twahûndert meter fierderop ried er al wer efter de folgjende. Hoefolle middelfingers wurde der hjir noch útdield? Hoefolle minsken yn 'e oare auto's skelle him yn ûnmacht de hûd fol, sa as ik?

Ik fytste mei in freon oer in smelle strjitte, en ik fytste oan 'e bûtenkant. Efterop kaam in man mei in elektryske bakfyts. Net allinnich kaam dy nochal ticht by my del by syn manoeuvre, minder as oardel meter, ek gie hy sa gau wer nei rjochts dat hy my ôfsnie. Ik sei: 'Oh, snij je me ook nog af?' De man antwurde: 'Heb jij de hele weg nodig?', en ik wer: 'Nee. Jij wel?'. Doe skuorde hy fuort. Wat in ûnsinnich petear, en ik bin der fan oertsjûge dat hy troch it elektrysk ferkrigen selsbetrouwen hjir gjin sekonde mear oer neitocht hat. Dit barde in moanne lyn en ik wit it noch krekt.

Snein wiene der boaze motorriders. Se protestearren tsjin it ôfsluten fan diken spesjaal foar motorriders. Minsken dy't oan moaie dykjes en idyllyske greiden wenje, hawwe lêst fan foarby bolderjende motors, dus smite gemeenten sokke diken ticht foar harren. Terjochte, kin ik sizze as bewenner fan sa'n idyllyske wei, dêr't alle dagen motorriders mei grof geweld trochhinne knalle. Ik socht de webside fan myn gemeente al op, om ek sa'n oanfraach te dwaan.

De motorriders rieden by harren protest yn lytse groepkes, om gjin oerlêst te feroarsaakjen. Gjin hege toeretallen en gjin lawaai. By de NOS sei ien fan harren: "Motorrijders moeten hun rechterhand gewoon in bedwang houden, geluidsdempers in hun uitlaat laten zitten, en in de vierde versnelling rijden om geluidsoverlast te beperken." As immen dy't in motorrydbewiis helle hat, kin ik sizze dat soks ek rekommandearre wurdt yn de lessen. "Wij zijn voorstanders van strakke handhaving door de politie", gie de man fierder. "Er is een kleine groep motorrijders die het verpest voor de grotere groep."

En dat lêste is no krekt it punt. Ik kom op 'e fyts en yn 'e auto hûnderten, nee, tûzenen oaren tsjin dêr't gjin inkeld probleem mei ûntstiet. Se wachtsje geduldich oant ik ynhelle haw, en se litte my fytse dêr't ik fyts. Mar der is in lytse groep.... It binne der mar in pear. Wêrom dogge se it? Om't it kin. De pakkâns is minimaal. Dat hat twa gefolgen: as earste dat dit type folk syn ferdomde eigen gong giet, en as twadde dat elkenien dy't dêr lêst fan hat konfrontearre wurdt mei hoe slop de sterke earm einliks is.

En it leit net oan de tsjinners. It leit oan de nijsgjirrige ôfwaging fan de ôfrûne desennia tusken kosten foar hanthavening oan 'e iene kant, en de akseptaasje fan dit soarte bullshit oan de oare kant. Ik snap wol dat it fierstente folle kostet om 100 persint fan 'e oertrêdingen oan te pakken. Mar it persintaazje dêr't we no op sitte, liket my net sa sûn. Want ik bin net de iennige dy't frustrearre rekket yn it ferkear. En ik sit it op te kropjen, of no ja, in kollum oer te meitsjen, mar der binne der ek dy't der efteroan skuorre en der in ferkearsrûzje fan meitsje.

Ek yn it nijs: ING soe foar de tredde kear yn twa jier tiid belutsen wêze by in wytwasksaak. ING, ferline jier in winst fan hast 5 miljard euro, hat in Poalske tak en dy hat Russysk jild wytwosken, sa ûntdutsen Trouw, it Financieel Dagblad en Investico. ING wol net reagearje. It is noch ûndúdlik of it Iepenbier Ministearje ûndersyk docht.

Myn tip: doch dat mar wol. Dêr binne jimme nammentlik foar. Krekt sa't de plysje der is om oertrêders fan ferkearsregels te betraapjen. En as der in kapasiteitsprobleem is, sis it dan mar, want ik tink dat it leannet om mear speurders te hawwen. En dan net it gegriem mei BOA's, gewoan genôch en goed betelle plysje. Yn it gefal fan ING hat it ferline jier in skikking fan 775 miljoen euro oplevere foar de steat. Yn it gefal fan de kloatsekjes op fytsen, motors en yn auto's, soe in gruttere pakkâns opleverje kinne dat der minder ûngelokken barre, dat it imago fan hanthaveners ris wat better wurdt en minsken sa as ik wat better sliepe."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)