Brân yn wensoarchkompleks foar beheinden yn Ljouwert

24 sep 2020 - 06:56

Helptsjinsten binne tongersdeitemoarn betiid manmachtich útriden foar in brân yn wensoarchkompleks De Noorderbrug oan de Sixmastrjitte yn Ljouwert. Troch de brân ûntstie der in soad reek yn it gebou. De brân ûntstie op it balkon fan in appartemint op de fjirde etaazje. De oarsaak is noch net bekend.

Brân yn wensoarchkompleks

Yn it kompleks foar beheinden binne sa'n santich bewenners. It giet om minsken mei net-oanberne harsenletsel. Ut foarsoarch waard der opskaald nei grutte brân. De brânwacht hat it fjoer yntusken ûnder kontrôle. Der waard ek in heechwurker ynset.

De brânwacht tocht oan ûntromming fan it kompleks, ek al wie de brân al foarby. "Je moatte je foarstelle dat guon minsken ek oan it soerstof sitte, en reek is altyd skealik", seit wurdfierder Jan Willem Zwart fan de brânwacht. By de brân binne gjin minsken ferwûne rekke. Wol binne twa BHV'ers fan de soarchynstelling neisjoen, om't se reek ynazeme hiene.

Neffens Zwart hat de brân in soad yndruk makke op de bewenners fan De Noorderbrug. "De impact is ferskriklik grut, mei al dy helpferlieners hjir yn de buert. It hat even skrikken west, mar gelokkich is it hiel bot meifallen."

Foto: CAMJO media

Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei wurdfierder Jan Willem Zwart fan de brânwacht

Wurdfierder Jan Willem Zwart fan de brânwacht oer de brân

(Advertinsje)
(Advertinsje)