Krityske fragen foar Rekkenkeamer oer rapport Ljouwerter festivals

24 sep 2020 - 00:35

Festivals fiele harren bûtensluten by it ta stân kommen fan it rekkenkeamerrapport. Se dienen woansdeitejûn harren ferhaal by de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwert oer it rapport.

Krityske fragen foar Rekkenkeamer oer rapport Ljouwerter festivals

In pear wiken lyn kaam de Rekkenkeamer nei bûten mei in tige kritysk rapport oer it hanneljen fan de gemeente op it festivalbelied yn it Griene Stjergebiet. Dêryn stiet dat de gemeente by it ferlienen fan fergunningen oan de festivals lêst hie fan tunnelfyzje, net iepen genôch stie foar de klachten fan boargers en te trochdriuwerich wie har eigen gelyk te heljen.

Iensidich

Ruben Bosch fan festival Welcome to the Village seit dat alle festivals befrege binne troch de Rekkenkeamer, mar dat dit hielendal nearne wer werom te finen is yn it rapport. "Alles wordt in het rapport heel eenzijdig belicht: vanuit de klachtenkant en wat er allemaal mis is gegaan. Maar volgens mij is er de laatste jaren juist heel veel verbeterd voor zowel ons als evenementenorganisatoren als de omwonenden."

Ek de PvdA fynt it spitich dat de festivals net meinaam binne. "It liket no krekt as oft it allinnich mar giet oer de gemeente en Groene Ster Duurzaam", sa seit Eline de Koning fan de partij. De partijen yn de ried hiene in soad krityske fragen oan de Rekkenkeamer. De ChristenUnie frege har ôf hoe wittenskiplik oft it ûndersyk fan de Rekkenkeamer eins is. It CDA freget him ôf hoe't je in kompromis slute mei in partij as Groene Ster Duurzaam, as dy net wol. De PvdA fûn bepaalde stikken út it rapport subjektyf.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Earder kaam it gemeentebestjoer al mei in reaksje op it rekkenkeamerrapport. Wethâlder Hein Kuiken liet witte it net iens te wêzen mei guon kritykpunten. De Rekkenkeamer sil noch mei in offisjele reaksje hjirop komme, sa liet foarsitter fan de Rekkenkeamer Joop Roebroek witte.

Ruben Bosch fan Welcome to the Village hopet dat alles wat no berikt is net oerboard smiten wurdt. "Het is een jonge branche waar pas vanaf 2012 een eenduidige manier van het aanvragen van evenementen ligt. We hebben dus vooral alles moeten leren door het te doen en zijn nu al heel ver gekomen. Er zijn nog twee dingen die we moeten oplossen: het geluid en de ecologie en dan is het klaar. Laten we hier met alle partijen, als die er voor openstaan, een gesprek over voeren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)