Lotting frouljus PC: 'Dreamfinale' Tuinenga-Sijbrandij mooglik

23 sep 2020 - 22:10

De twa partoeren dy't de measte frije formaasjewedstriden dit seizoen wûn hawwe, kinne inoar op de PC yn de finale treffe. Dat hat de lotting woansdei útwiisd. Yn it doarpshûs yn Weidum, it doarp dêr't de frouljus PC tradisjoneel organisearre wurdt, waard der lotte foar de wichtichste keatspartij foar froulju.

De frouljuspartoeren bylde yn hoe't se sitte de wedstriidlist út - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

Ferslachjouwer Andor Faber wie by de lotting

It partoer dat de measte frijeformaasjepartijen wûn, is dat fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Dy treffe yn de earste omloop it partoer fan Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma. In lotting dêr't Scheepstra mei libje kin: "We mogen niet klagen."

De eagen fan Scheepstra wiene by de lotting ek rjochte op it partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest. Dat wûn de op-ien-nei measte partijen. Boppedat wûnen dy de lêste twa partijen ek fan Scheepstra-en-dy. "Tuurlijk, gezien de afgelopen twee weekenden hadden we het liefst niet Ilse in de eerste omloop", jout Scheepstra earlik ta. Se kinne Tuinenga-en-dy pas yn de finale treffe. "Volgens mij heb ik niet eerder zo'n goeie loting gehad, dit is gewoon heel fijn. Je kunt echt in de dag groeien."

Koe better, koe minder

Op papier hat Tuinenga it mei har partoer dreger oankommende snein. Op de earste list is it partoer fan Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol de tsjinstanner. Dy wûnen oant no ta twa partijen. Mochten Tuinenga-en-dy dat winne, wachtet mooglik it partoer fan Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Harmke Siegersma, dy't ien partij wûnen dit seizoen.

Dochs is Bakker, dy't yn it partoer fan Tuinenga de dûbelrol ynfollet, wol oer de lotting te sprekken: "Op himsels binne wy ek wol reedlik tefreden. It hie better kinnen, mar it hie ek folle minder kinnen. It ûnderste blokje is wol lekker", seit Bakker dy't doelt op dat je yn it ûnderste blok in steand nûmer hawwe, as je de heale finale helje.

De folsleine lotting fan de frouljus PC

1. Aletta van Popta, Mintje Meintema en Miranda Scheffer 2. Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum
3. Andrea Kroes, Sigrid de Jong en Marije Hellinga 4. Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma
5. Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra 6. Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma
7. Inge Jansma, Elly Hofman en Ineke van der Ploeg 8. Roelie Kroondijk, Klasine Huistra en Jennie Terpstra
9. Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Imke van der Leest 10. Tineke Dijkstra, Marte Altenburg en Louise Krol
11. Wybrig Bakker, Corrie Kroondijk en Fiera de Vries 12. Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Harmke Siegersma

Coronafirus

Keatsferiening Nije Kriich yn Weidum organisearret de frouljus PC. Dat it nijs no wer dominearre wurdt troch it coronafirus, sjogge se fansels by de organisaasje ek, fertelt Wigle Anema: "We binne net benaud, mar we fiele wol spanning. Mar we witte ek dat we it goed foarinoar hawwe. Dat jout in goed gefoel."

Der binne snein 650 taskôgers wolkom by de frouljus PC. De kaarten wiene yn in koart skoft útferkocht. Is der ek noch in kâns dat de partij dochs net trochgean kin troch it coronafirus? Anema: "Je witte it noait. It is mar krekt wat de oerheid beslist. Fryslân sit noch net yn in gefaarlikere sône, dus ik hoopje dat we de dûns ûntspringe."

By de lotting makke Anema woansdei bekend dat it priisjild itselde is as it ferline jier. Dêr seach it earst net nei út trochdat der minder ynkomsten binne troch corona, mar mei tank oan in anonime jildsjitter bliuwt it dochs op itselde nivo.

Omrop Fryslân stjoert de frouljus PC oankommende snein live út op telefyzje, radio en ynternet. De partij begjint om healwei alven en is fan dat momint op alle poadia te folgjen by Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)